Fjouwer kear mear sinnepanielen yn Fryslân as yn 2016, measte nije panielen yn Harns

© Omrop Fryslân
Friezen hawwe yntusken goed fjouwer kear mear sinnepanielen op of om it hûs hinne te lizzen as seis jier lyn. De gemeente Harns falt op: dêr is it tal sinnepanielen sûnt 2016 mear as fersânfâldige.
Nei de lytste gemeente fan de provinsje is ek it tal sinnepanielen yn oare noardlike gemeenten Waadhoeke, Noardeast-Fryslân en Dantumadiel fiif kear heger. De stiging is it leechst yn Súdwest-Fryslân en Ljouwert. Dochs giet it dêr noch om in groei fan 3,6 en 3,7. It docht bliken út sifers fan Zonneplan, op basis fan CBS-sifers.
De stiging fan it tal panielen yn Fryslân giet mei mei de lanlike groei. Oer hiel Nederlân wie dat de ôfrûne seis jier in groei fan 4,3 kear.

Measte panielen de wenning

De gemeente Weststellingwerf is de gemeente dêr't yn trochsneed de measte panielen de wenning op it dak lizze: 3,67 de húshâlding. De gemeente rûn seis jier lyn ek al foarop, wêrtroch't de groei no ek leger is.
Yn Ljouwert leit it tal panielen it húshâlden leger, mar dat hat der ek mei te krijen dat yn Ljouwert in soad wenten apparteminten binne. Dêrtroch hawwe in soad minsken gjin eigen dak om sinnepanielen op te lizzen.