Filmmakker Thom Verheul wint ynternasjonale filmpriis op filmfestival yn Milaan

Film- en dokumintêremakker Thom Verheul fan Skiermûntseach hat in ynternasjonale filmpriis wûn op in filmfestival yn Milaan. Verheul krige de priis yn de kategory Sport Movies & TV, foar syn dokumintêre oer hynstetrainer Richard Westerink en syn draafhynder Etonnant.
Hy folge de trainer en it hynder twa jier lang by alle hichte- en djiptepunten. "Ik ben een echte documentairemaker, ik bekijk de sport als puur sport op zich. De film gaat eigenlijk over het najagen van een droom, winnen en verliezen en de relatie tussen een man en een paard."
Hoechst dan ek net perfoarst leafhawwer fan hynstesport te wêzen om de film moai te finen, seit Verheul. "Het verhaal gaat van het ene dieptepunt naar het andere. Totdat hij uit het niets in Zweden wint."
Nettsjinsteande de prestizjeuze priis, is it dreech om de film draaid te krijen. "Het is heel lastig om hem in Nederland te laten zien. Hij is in Zweden wel op tv geweest, hopelijk binnenkort ook in Frankrijk. Hopelijk komt het dan uiteindelijk ook weer uit bij Nederland."
Kompetysje
De filmmakker naam it op tsjin films fan oer de hiele wrâld. "Het is een selectie uit dertig landen en zes continenten", fertelt er. Sa dienen der yn syn kategory ek films mei út Japan, Sina en oare lannen.
By de seremoanje waarden Verheul en oare priiswinners snein tasprutsen troch foarsitter Thomas Bach fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee.