Ferhalejûn: "Myn holle siet fol mei smots"

Aaltje Wildschut © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Hast elkenien hat wol in momint wêrop't it libben in grutte draai nommen hat. Dat is dit jier it tema fan de Ferhalejûn, dy't takom freed wer hâlden wurdt. Aaltje Wildschut út Wikel hat ek in momint fan omkear meimakke.
Se wurket hast fjirtich jier yn it ûnderwiis as juf, mar in skoftke lyn hat se har ôfmeld. It wie har allegearre tefolle.
"Ik stie altyd oan en it gie mar troch mei mails en appkes. Myn falkûle is dat ik altyd de problemen fan oaren oplosse wol. Myn holle siet fol mei smots, sa fielde it."
It wurke troch yn har hiele libben. "Ik seach myn freondinnen hast net mear, ik hâlde op as dirigint en hie hast gjin tiid foar myn beppesizzers."

Toon Tellegen

Wildschut fertelt op de Ferhalejûn in ferhaal fan Toon Tellegen oer in nylhoars. It ferhaal hat in link mei wat se sels meimakke hat.
"It bist hat syn nocht, wol út de drokke bosk wei en giet boppe de wolken te wenjen. Allinnich en lekker rêstich."

Freonen

Wol komme der sa no en dan freonen op besite en dat is it boadskip fan Wildschut. "Datst wol freonen nedich hast en dat dy der ek altyd foar dy binne."
Harkje nei it ferhaal fan Aaltje Wildschut

Ferhalejûn

It is yntusken in echte tradysje wurden: de Ferhalejûn. De earste edysje wie yn 2018 by de start fan Kulturele Haadstêd en no fynt it evenemint alle jierren plak. Op tsientallen plakken yn Fryslân wurde takom freed 18 novimber ferhalen ferteld. Tema dit jier is 'De Ommekear'.
Omrop Fryslân stiet yn de oanrin nei de ferhalejûn stil by in oantal ferhalen yn in spesjale rige. De ferhalen wurde moandei oant en mei tongersdei útstjoerd op de radio yn it programma No Yn Fryslân. Harkje hjir nei it ferhaal fan Reitse Reitsma.