Resinsje Sintgelok fan Tryater: Sinteklaas as 'mental coach'

Sintgelok fan Tryater jout it publyk yndied 'in hearlike jûntsje' oer ien fan ús âldste tradysjes: Sinteklaas. In hast histoaryske fertelling mei humor en bytiden hiel oandwaanlike sênes. Mar ek net mear as dat. Foar in selskip as Tryater eins krekt net goed genôch.
It begjin fan de foarstelling ûnthjit gâns wat. It toanielbyld is mystyk. Op betsjoenende muzyk twirje spilers oer it poadium.
Mei ljochteffekten wurdt no en dan de fokus lein op ferskate boustiennen fan ús Sinteklaastradysje. De skoechjes by de koalekachel bygelyks, it sjongen fan de tradisjonele ferskes. It set de taskôger op it puntsje fan de stoel wat noch komme sil. Fol ferwachting kloppet ús hert...

Dy dream wurdt fuortendaliks fersteurd troch de opkomst fan akteur Karel Hermans. As betinker fan de foarstelling nimt er it publyk by de hân troch de skiednis fan de goedhillichman.
De teäterdosint hie eins de ambysje om in grut toanielspiler te wurden, sa fertrout er it publyk ta. Doe't er bot twivele oan syn kwaliteiten as akteur, waard er frege foar dizze foarstelling. Dy't er mei in soad wille makke hat. En dêrmei it betrouwen yn himsels werom krige hat. Tank dus oan Tryater foar dizze kâns. Hy seit it sels.
Doel
Natuerlik is dat Hermans fan herte gund. Mar it ropt ek de fraach op oft hjirmei dizze foarstelling foar elke willekeurige taskôger rjochtfeardige is. Wat hat it eigentlike doel west? Wat bringt it ús?

Dat wol net sizze dat de taskôger him ferfele sil. Perfoarst net! As yn in soarte fan dokumintêre rint Hermans troch de skiednis fan de biskop fan Myra, mar stiet ek stil by de rol fan Sinteklaas yn ús fermidden.
Hermans ynterviewde dêrfoar ferskate 'helpsinteklazen', boargers dy't alle jierren wer de rol fan goedhillichman op har nimme. Wat him dêrby opfoel wie de positive motivaasje fan dizze minsken.
Allegear wolle se de bern wat goeds meijaan. In bytsje treast biede as it eefkes wat dreger giet. "Wês mar net benaud, it komt allegear goed!"
Godfruchtich
Wat in fynst om dan inkele fan dy helpsinteklazen op it poadium har persoanlik ferhaal dwaan te litten. Op bân, wylst it publyk sjocht hoe't de manlju stadichoan har deistige klean útdogge en yn hast godfruchtige sfearen transfoarmearje ta 'de biskop út Spanje'. O ja, en Sint Piter út Grou docht ek noch mei. Prachtich!

Aardich ek hoe't dan foarmjûn wurdt oan ferskate berne-oantinkens oan Sinteklaas. Foar it publyk o sa werkenber.
Cas Bouwman dy't as jonkje panysk benaud waard troch it kabaal fan al dy optochten mei fanfarekorpsen. Rowan Veltman dy't begrutsjen opropt omdat er sa graach Swarte Pyt spylje wollen hie, mar hieltyd wer ôfwiisd waard. Mathilde van der Hoop dy't it heechtiid fynt dat Sinteklaas troch in frou spile wurdt.

En tuskentroch dus Karel Hermans. Mei al syn histoaryske feitsjes, wêrfan't mannichien gjin weet hie. En alles trochspekt mei humor en no en dan tige oandwaanlik.
De taskôger kin it allegear rêstich oer him hinne komme litte. Noflik efteroer leunend tsjin de bekling fan syn stoel. Mar daliks wer rjochtop sitte as Leon Ali Cifteci op it poadium ferskynt. In lanlik bekende tv-akteur fan Turkske ôfkomst.
Komysk hoe't syn beskriuwing fan de goedhillichman hieltyd mear oerienkomt mei syn eigen persoan: in lytse, keale, kleure man. Mei in burd. Dat dan wol wer.
Emoasje
Moai ek hoe't Cifteci de finger leit op de minsk achter it symboal Sinteklaas. In kearn fan positivisme en goedens.
En dy't emoasje yn de foarstelling nei boppen hellet as er oer syn eigen rol as heit fertelt. De taskôger meinimt yn de fersteurde ferhâlding mei syn soan. Dy't him ferwyt dat er as heit tekoart sketten hat.
En dat Sinteklaas in foarbyld foar him west hat. Gewoanwei troch te lústerjen. Mei in posityf antwurd as reaksje. Dat sa in skeel wer goedmakke wurde koe. Gewoan al troch der te wêzen en betrouwen te jaan. It komt allegear goed! Sinteklaas for ever!

En dan docht bliken dat de weardefolle tradysje dochs op de tocht stiet. Pakjesjûn ynruile wurdt foar in jûntsje gourmetten mei it gesin. De Swarte Pyt-diskusje foar in soad minsken de feestfreugde hieltyd mear bedjert.
Mar Karel Hermans lit him syn lok net ôfpakke. Hy giet fierder net yn op it skisma, mar leit de fokus op Sinteklaas sels. Want wêrom soe dy, nei't er hast twa iuwen lang alles trochstien hat, no net meibewege kinne? Sanedich mei in kleurke, as frou of as drag-queen?
As de kearn ommers mar oerein bliuwt: Sinteklaas is goed! Jout ús it gefoel dat we derta dogge. Meimekoar. Haw dus betrouwen is it boadskip, want it komt allegear goed! Hermans sprekt út eigen ûnderfining, Sinteklaas as 'mental coach'.

It hat yn alle gefallen Karel Hermans holpen oan in hiel aardige foarstelling. Dochs slûpt de twivel deryn oft dit genôch is.
Want oerrompeljend is it teäterstik artistyk sjoen no ek wer net. En dat mei dochs wol ferwachte wurde fan in selskip as Tryater.
Noch hieltyd mei in foarbyldfunksje foar it toaniel yn Fryslân. It is de fraach oft dat mei Sintgelok dit kear wiermakke wurdt. Ik bin bang fan net.