Wolf mooglik ek sinjalearre yn de omkriten fan Hijum en Wânswert

© Omrop Fryslân
Is de wolf no ek op rôftocht yn it noarden fan ús provinsje? It is de fraach dy't twa boeren út Hijum en Wânswert op it stuit dwaande hâldt. Beide boeren fûnen ôfrûne wike in tal fan har skiep dea oan yn 'e greide.
Yn beide gefallen wurdt DNA-ûndersyk dien troch de organisaasje Bij12 en dêrút moat bliken dwaan oft de wolf de dieder is. Der is dizze moanne by Bij12 al op fjouwer plakken yn Fryslân melding makke fan oanfallen op bisten.
Wolf mooglik ek sinjalearre yn omkriten Hijum en Wânswert
Boer Watze van der Wal fan Hijum hat meardere keppels skiep yn it lân rinnen. Fan ien keppel ferlear er sân skiep. "Se hiene skrammen, biten en ien ha we eutanisearje moatten, dêr wie gjin rêden mear oan. De hûd like op guon plakken op in gatsjepanne", seit Van der Wal.

Wolf of hûn?

In stikje fierderop yn Wânswert trof boer Jan van der Wal itselde lot. Fan syn acht rammen fûn er twa dea yn de feart: "Ik wit net oft it wolven of hûnen binne. Ik wit it net, ik ha him net sjoen".
Dochs binne der yn de omkriten fan Hijum minsken dy't de wolf tinke sjoen te hawwen, sa fertelt Watze van der Wal. Hy hopet dat de útslach fan Bij12 gau komt.

'Wolf moat dea'

As de wolf wol de dieder is, dan hat Jan van der Wal ien boadskip: hy moat deamakke wurde. "As in hûn it dien hat, dan wurdt de hûn deamakke. Wêrom moat de wolf yn libben bliuwe?", seit Jan.
De soargen fan Watze gean mear oer hoe no fierder en dan doelt er benammen op de keppel skiep dy't no oanfallen is. Watze: "It is de bedoeling dat se yn maart lamkes bringe, mar helje se dat wol? Smite se net aanst de fruchten der wer út? Wat stiet ús te wachtsjen, dêr meitsje ik my wol soargen oer."