LDODK wol mei nije topspiler Harjan Visscher nei Ahoy

De ferwachtings foar it nije Kuorbal League-seizoen binne heech by LDODK. Mei de komst fan ynternasjonal Harjan Visscher nei De Gordyk hoopje de Friezen foar it earst yn de Fryske kuorbalhistoarje in plak yn de finale yn Ahoy ôf te twingen.
Visscher (25) komt oer fan lânskampioen Fortuna út Delft. Mei dy ploech wist er ferline seizoen yn de sealfinale PKC mei 22-21 te ferslaan yn Ahoy. Hy skoarde dêr fiif kear en waard útroppen ta man fan de wedstriid.
Earder spile Visscher by Wit-Blauw Kampen en by DOS'46 Nijeveen. Nei twa jier Fortuna komt er no út foar LDODK.
Sûnt 2017 spilet Harjan Visscher yn TeamNL. Mei Oranje waard er wrâldkampioen en Europeesk kampioen, en wûn er twa kear de Worldgames.
Neist Visscher spylje ek de LDODK-ers Ran Faber en Femke Faber foar TeamNL. Visscher fynt dat LDODK in team hat dat om de prizen meidwaan kin.
Harjan Visscher oer LDODK
LDODK in Ahoy? Alles kan. We hebben een ploeg die mee kan doen om de prijzen.
LDODK is it nije Kuorbal League-seizoen úteinset mei in lykspul tsjin DVO. Yn in hiel spannende slotfaze waard it 28-28. De gasten út Bennekom binne mei PKC (Papendrecht), Fortuna (Delft) en LDODK favoriten foar de play-offs om de lânstitel.
Bliksemstart
Trainer/coach Gerald Aukes seach syn team yn de earste helte as in raket út de startblokken sjitten. Nei fiif minuten stie it 8-2 en binnen tsien minuten sels 13-3.
Dêrnei kaam DVO stapke foar stapke werom oant 16-13 healwei de wedstriid. In grutte tebeksetter wie it útfallen fan oanfierder Erwin Zwart flak foar de pauze. Hy hat nei alle gedachten in swypslach yn it kût oprûn en is in wike of seis út 'e rûlaasje.
Spanning en spektakel
Nei it skoft gie it duel alle kanten út. DVO bûgde in efterstân fan tsien goals om yn in foarsprong fan trije goals, 19-22. Mar mei in úterste krêftsynspanning wist LDODK yn de lêste minút fia treffers fan Julian Frieswijk en Femke Faber dochs in swierbefochten punt binnen te heljen.
Trainer/coach Gerald Aukes is wiis mei de komst fan Harjan Visscher. In topspiler derby kin krekt it ferskil útmeitsje om de top te heljen.
LDODK spilet sûnt 2012 yn de Kuorbal League. De bêste klassearring oant no ta is it tredde plak.
Gerald Aukes en Femke Faber oer Harjan Visscher
In topspiler derby jout mear mooglikheden, dat kin krekt it stikje ferskil wêze.
De earste spylronde levere ferrassende útslaggen op. Noch net earder einigen trije fan de fiif duels yn in lykspul.
It liket dan ek in tige spannende striid te wurden om de boppeste plakken. Sa binne KZ (Koog aan de Zaan), Blauw Wit (Amsterdam) en KCC (Capelle aan de IJssel) ek serieuze kandidaten foar de play-offs.
Op sneon 19 novimber spilet LDODK it twadde duel yn Koog aan de Zaan tsjin KZ.
Stân Kuorbal League
TEAM | DUELS | PUNTEN |
1. PKC (Papendrecht) | 1 | 2 |
2. Groen Geel (Wormer) | 1 | 2 |
3. LDODK | 1 | 1 |
4. DVO (Bennekom) | 1 | 1 |
5. KCC (Capelle a/d IJssel) | 1 | 1 |
6. KZ (Koog a/d Zaan) | 1 | 1 |
7. Fortuna (Delft) | 1 | 1 |
8. Blauw Wit (A'dam) | 1 | 1 |
9. Unitas (Harderwijk) | 1 | 0 |
10. DOS'46 (Nijeveen) | 1 | 0 |
De Kuorbal League bestiet út tsien teams. De boppeste fjouwer ploegen stride nei ôfrin fan de reguliere kompetysje yn in bêste-fan-trije searje fia play-offs om in plak yn 'e finale. De nûmer 1 spilet tsjin de nûmer 4, en de nûmers 2 en 3 stride om it oare finaleplak.
De winners fan de play-offs spylje op 15 april yn Ahoy Rotterdam de Kuorbal Leaguefinale om de lânstitel.