Negative haadrol foar Virgínia yn derby: "De earste goal is in grutte flater"

Sportcast © Omrop Fryslân
It earste doelpunt fan sc Hearrenfean yn de Fryske derby is in blunder fan SC Cambuur-keeper João Virgínia, dêroer is elkenien it wol iens. Mar oer de rol fan de Portugeeske doelman by de twadde tsjintreffer is mear diskusje.
By de earste goal komt Virgínia út, wylst Calvin Mac-Intosch foar him stiet om it kopduel oan te gean mei Amin Sarr. De goalie sit mis, wêrtroch't Sarr de bal yn de goal koppe kin. Yn de eagen fan sportferslachjouwer Arjen de Boer is it in 'dealike flater'.
Keepersanalist Harm Zeinstra is dat mei him iens, al wol er it gjin blunder neame. "Dat wurd hâld ik net sa fan. It is in dikke flater. It is in ynskattingsflater, om't er net genôch rekken hâldt mei ynkommende spilers fan Hearrenfean", seit Zeinstra.
Wat seach de âld-doelman dêr noch mear misgean? "Syn startposysje fyn ik ek behâldend. It fernuvere my dat hy komme woe by dy bal."
By de twadde tsjintreffer sjocht Virgínia it skot fan Anas Tahiri te let oankommen, wêrtroch't er der oerhinne dûkt. Dochs seit sportferslachjouwer Andor Faber: "It is gjin flater fan Virgínia." Dêr is sportferslachjouwer Arjen de Boer it net mei iens.
Hoe tinkt Zeinstra dêroer? "Dy bal wie echt hiel lestich foar de keeper. Hy sjocht de bal fuort gean en dêrnei sjocht er him net mear. Kwa hichte, snelheid en djipte docht er in gok om't er dy bal kwyt is. Dizze situaasje fyn ik in stik minder ferwytber."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.
De mieningen oer de Fryske derby binne ferdield. Neffens sportferslachjouwer Geert van Tuinen hie Cambuur mear fertsjinne. "Op basis fan dat Jamie Jacobs de 2-0 meitsje moatten hie. En as in keeper sa'n flater makket, dêr kinne je net tsjin fuotbalje. Hearrenfean kreëarre ek net safolle."
Dêr is sportferslachjouwer Roelof de Vries it net mei iens. "Ik fûn Cambuur de earste helte reedlik en hiel min yn de twadde helte. It kreëarre hielendal neat."