Flink minder besikers foar Noordelijk Film Festival

It Noordelijke Film Festival hat dit jier 16.000 besikers lutsen. Dat is flink minder as yn 2019, de lêste kear dat in regulier festival holden waard. Doe kamen der 25.000 filmleafhawwers nei Ljouwert om films te sjen.
"We moeten terugkomen uit een moeilijke periode", erkent direkteur fan Film in Friesland Jacqueline Schrijver. "Dat geldt voor de hele culturele sector. Je ziet dat het bezoek aan culturele instellingen en evenementen nog niet zo terugkomt als in 2019, de periode voor corona."
Wat opfalt, is dat der dit jier wol in hiel soad frijwilligers wienen dy't harren oanmelden, der moasten sels minsken ôfsein wurde.
'Inhoudelijk erg tevreden'
Schrijver freget har ôf oft it festival wol wer nei de sifers fan 2019 stribje moat. "Het is een misvatting dat we altijd streven naar zoveel mogelijk bezoekers. Als je veel bezoekers hebt en het regent klachten, dan zijn we niet tevreden. Dit jaar kregen we veel lovende woorden over de programmering, dus we zijn inhoudelijk erg tevreden."
It festival wurke dit jier mei in nij programmateam besteande út trije programmeurs.
It festival wol him yn de takomst fierder ûntwikkelje. "Er zijn nog zoveel onderwerpen waar we wat mee willen. Ook in Europees verband valt er nog veel te halen zoals het organiseren van uitwisselingen." Ek wolle se mear ynsette op ynklusiviteit.

Prizen
Neist it toanen fan films organisearret it festival ek tal fan workshops foar filmmakkers en wurde der ferskate Noorderkroon awards útrikt. De awards biede filmmakkers út it Noarden in poadium. Bêste film dit jier wie 'Strijder', skreaun troch en basearre op it libben fan Job Tichelman út Kûbaard. De publykspriis fan de films dy't op it festival toand binne, gie nei de Deenske film Rose.