'Hearrenfean leit op koers, foar Cambuur wurdt it in dreech ferhaal'

Kommentatoaren Arjen de Boer en Geert van Tuinen © Orange Pictures
It wie net de bêste wedstriid, mar der siet wol wer fan alles yn: de Fryske derby tusken sc Hearrenfean en SC Cambuur. De thúsploech wûn mei 2-1 yn in duel mei emoasje, fjoerwurk en rebûlje op it fjild.
Mar is de oerwinning fan Hearrenfean terjochte? Makke João Virgínia ien of twa flaters? En hat Cambuur reden om noch optimistysk de winterstop yn te gean? Dat freegje we oan Arjen de Boer en Geert van Tuinen, dy't foar Omrop Fryslân it radiokommentaar fersoargen yn it Abe Lenstra Stadion.
Is Hearrenfean de terjochte winner?
Arjen: "As je ien ploech oanwize moatte as winner, dan is dat Hearrenfean. Mar in lykspul hie terjochte west. Cambuur hat twa hiel grutte kânsen krigen mei Jamie Jacobs, twa hûndertprosintkânsen. Mar ien dêrfan gong deryn. Dêrtsjinoer hat Hearrenfean mar in hiel lyts bytsje kreëarre. Wol in soad balbesit. De twadde helte hat Cambuur hast neat dien, doe wie der mar ien ploech dy't fuotballe."
Pascal Bosschaart seit dat Cambuur winne moatten hie.
Geert: "Ik snap syn redenaasje. As Jacobs de 0-2 makket, hie it dreech wurden foar Hearrenfean. En ast nei it ferrin fan de wedstriid sjochst, dan hie Hearrenfean wol mear balbesit, mar net in soad kânsen. In lykspul hie terjochte west."
Hoe kin it dat Hearrenfean it sa dreech hie mei Cambuur yn de earste helte?
Geert: "Cambuur hie it goed foarelkoar: fiif man achterop, de linys slute en dan gokke mei twa of trije rappe minsken: Van der Water, Jacobs en Bangura. Dêr kaam de goal ek út. En Hearrenfean hat net in hiel rap sintrum, dus ast Van Ewijk foarby bist, dan leit der romte."
Arjen: "Cambuur liet it balbesit oan Hearrenfean, mar stie hiel kompakt. En Hearrenfean mist dan de yndividuele kwaliteit om in gatsje yn de ferdigening fan Cambuur te finen. Se wienen ek te sloardich en by balferlies rûnen se yn it mes."
As je beide alvetallen neist elkoar lizze, dan is it allinnich op linksback ferlykber. Fierder hat Hearrenfean oeral bettere spilers.
Arjen de Boer
Geert: "Dat hie Cambuur dus hiel goed foarelkoar, dêr hie Hearrenfean gjin antwurd op. Dy wisten net wat se moasten en se wienen benaud foar de tsjinstjit."
Arjen: "Cambuur fuotballe nei de mooglikheden, want Hearrenfean is yn alles better. As je beide alvetallen neist elkoar lizze, dan is it allinnich op linksback ferlykber. Fierder hat Hearrenfean oeral bettere spilers."
Yn de twadde helte kaam Cambuur der hast net mear út en dominearre Hearrenfean mei balbesit. Hoe ferklearje jim dat?
Arjen: "Cambuur kaam der net mear oan ta, ik tink dat wurgens dêrby ek in rol spile hat. Se ha tongersdei noch in swiere wedstriid tsjin Feyenoord spile."
Geert: "De twadde helte fan Cambuur wie sa goed net as de earste. Se berikten de rappe minsken net mear: Bangura waard goed opfongen, Jacobs wie minder oanwêzich. Hearrenfean hie ek net in soad kânsen, mar waard wol dominanter. In doelpunt hong yn de loft."
Dy goal foel yn de 81e minút. Wie de wedstriid doe klear?
Geert: "Doe moast Cambuur echt omskeakelje. Dêryn kinst Bosschaart ek neat kwea ôfnimme: hy wikselet oanfallend, mei Uldrikis en Sambissa deryn. Dat is logysk. En Noppert rêdt Hearrenfean ek noch in kear."
Arjen: "Dat is it grutte ferskil: Noppert tsjinoer Virgínia. Noppert is hiel goed, Virgínia giet twa kear de mist yn. As je net maklik skoare en je keeper makket ek noch sokke flaters, dan komme je yn de problemen."
Amin Sarr is earder by de bal as João Virgínia © Orange Pictures
Geert: "By de 2-1 twivelje ik oft it in fout is fan Virgínia. Der stiene in soad minsken yn it strafskopgebiet, hy koe it net goed sjen. Mar dy earste tsjingoal, tsja. Calvin Mac-Intosch sei nei de wedstriid: 'Hij roept 'los', dus dan trek ik m'n hoofd in.' En gelyk hat er. Virgínia moat 'm gewoan ha."
Wat is de konklúzje no by Cambuur nei dizze wedstriid?
Arjen: "As je je nó noch gjin soargen meitsje... Cambuur sit yn grutte degradaasjeproblemen."
As ik sjoch nei de stân op de ranglist en ik sjoch hoe't de konkurrinsje it docht, dan wurdt it in dreech ferhaal.
Geert van Tuinen oer Cambuur
Geert: "Je moatte as klup wol optimistysk bliuwe, dus ik begryp wol dat se dat ek útstriele wolle yn ynterviews. Mar as ik sjoch nei de stân op de ranglist en ik sjoch hoe't de konkurrinsje it docht, dan wurdt it in dreech ferhaal."
Se ferlieze net faak dik. En sawol tsjin Feyenoord as tsjin Hearrenfean lit Cambuur sjen dat se it wol kinne.
Geert: "Se binne faak net kânsleas, fuotbalje kinne se ek wol. Dat seit de nije trainer, Sjors Ultee, ek. Hy hat sân wedstriden analysearre en syn konklúzje is dat it ek allegear wol tafalt. De ferskillen binne noch lyts. Yn jannewaris moatte se taslaan, mei wedstriden tsjin ûnder oare Volendam en Emmen."
Silvester van der Water oertsjûget noch net by Cambuur © Orange Pictures
"Ik soe wol hast sizze dat der in fleugelspiler op rjochts by moat. Dan kin Van der Water nei links ta. Van der Water hat it noch net echt wiermakke, mar hy is hiel iverich. It helpt by Cambuur ek net dat Maulun blessearre is, se misse syn kreativiteit. Se binne hiel foarsichtich mei him."
Hoe stiet Hearrenfean derfoar?
Arjen: "Ik fyn dat se op koers lizze. De sfear yn it stadion wie snein ek geweldich. Ik genietsje eins de hiel wike al. Je koenen oan alles fernimme dat it der echt om gie. Seachst it ek by guon spilers, hielendal by Van Beek en Haye: dy knalden der echt yn. Dy witte dat der mear op it spul stiet as allinnich de trije punten, it giet ek om de eare.
Al mei al stiet Hearrenfean der goed foar, mar se binne ek wat sykjende. In pear wiken lyn binne se omskeakele fan 5-3-2 nei 4-3-3. Hoe't Van Wonderen it no stean hat, dêr ha ik echt bewûndering foar. Mar mei Van Hooijdonk en Sarr hat er wol twa echte spitsen. Sarr stiet no faak linksbûten, mar dêr komt er net ta syn rjocht. Dus ik fyn dat der fersterking komme moat op linksbûten. Sarr moat yn de spits."