Gerhard Pietersma hâldt op as SKS-skipper Earnewâld

Skipper Gerhard Pietersma © Martin de Jong Fotografie
Gerhard Pietersma hâldt op as skipper fan it Earnewâldster skûtsje. Syn opfolger wurdt Sieberen van Terwisga.
Nei 19 jier as skipper fan de Twee Gebroeders hat Pietersma it bestjoer fan it Earnewâldster skûtsje witte litten dat er it helmhout oerdrage wol oan in nije generaasje. It stichtingsbestjoer respektearret syn beslút en hat it bestjoer fan de SKS op de hichte brocht.
Gerhard Pietersma haldt op as SKS-skipper Earnewâld
"Mei syn entûsjasme hat Gerhard it skûtsjesilen by in hiel soad minsken yntrodusearre en hat hy ferbining brocht", seit de stichting yn in tankwurd. "Gerhard hat dêrmei ek in geweldige bydrage levere foar it skûtsjesilen yn it algemien."
Sieberen van Terwisga © Martin de Jong