It Fryske Gea kin help fan boeren goed brûke by behear natuergebieten

Henk de Vries, direkteur It Fryske Gea © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Boeren en natuerorganisaasjes kinne mear gearwurkje by it behear fan natuergebieten. Dat is de oertsjûging fan Henk de Vries, direkteur fan It Fryske Gea, en Nico Minnema, dy't wurket as lânbou- en natueradviseur.
Neffens Minnema wie natuerbehear eartiids in part fan it boerebestean. Mar tsjintwurdich steane natuer en buorkjen hast tsjinoer elkoar. Dat soe oars moatte én kinne, as de boer der mar jild mei fertsjinje kin.
Ek De Vries sjocht de gearwurking mei boeren wol sitten. Foaral ek omdat de natuerorganisaasjes no al net genôch jild hawwe foar optimaal behear fan de natuer. "We dogge ús bêst, mar as we it op de kante meter behearskje wolle, is der net genôch jild. Miskien wolle we ek wolris wat te folle. De natuer hat ek syn eigen dynamyk. Dat litte we eins net ta."
Hoe giet it mei de natuer yn De Alde Feanen?
By natuerbehear moat alles klopje, fertelt De Vries. Net allinnich moat der net te folle bedonging yn in gebiet falle - fanwegen stikstof - mar ek it wetterpeil en it behear moatte yn oarder wêze.
Yn natuergebiet De Alde Feanen streamt it wetter it gebiet út, omdat yn de omlizzende gebieten it wetterpeil leger is. En dat soe net sa wêze moatte. It gebiet hat mear ferlet fan grûnwetter as reinwetter. Grûnwetter is nammentlik minder soer, en dat is goed foar de saneamde blaugerslannen dy't yn it gebiet foarkomme.
Henk de Vries en Nico Minnema fertelle harren ferhaal yn in reportaazje yn it programma Buro de Vries
Blaugerslannen tankje harren namme oan de blaugerssigge, dy't net grien, mar hast blau is. Sûnder behear kin it ek net. As de blaugerslannen net meand wurde, nimt it bjint it oer. Dat oerwoekeret de oare begroeiïng.

Ekstinsiver buorkje, mei minder útstjit

Yn it hiele ûnderhâldsfraachstik spilet de boer ek in rol. Dy moat ekstinsiver buorkje mei legere kosten en legere opbringsten en dus ek minder stikstofútstjit.
In part fan de boeren is benaud dat it ynkommen dan te leech wurdt. Mar oaren hawwe der al sukses mei, seit Minnema. "Dy sizze: we stjoere net mear op it tal liters, mar op it tal kosten."
Nico Minnema, natuer- en lânbou-adviseur © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Gearwurking mei natuerorganisaasjes kin ek helpe. "Dan snijt it mes oan twa kanten. It is goed foar it natuergebiet, mar ek foar de natuer dêromhinne."
Goed behear hat ek in effekt op de ynfloed fan stikstof. "Wat better in gebiet derfoar stiet, wat minder ynfloed de stikstof hat", leit De Vries út.
Hoewol't wetterstân en bedonging ynfloed hawwe op de natuer yn De Alde Feanen, is De Vries wol tefreden hoe't it gebiet derfoar stiet.
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten en ferrassende petearen. Buro de Vries giet gemoedlik de djipte yn. Mei in soad omtinken foar natuer, kultuer en skiednis.
De doarren fan it Buro binne sneins iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûn om 21.00 oere wurdt it programma werhelle.