Hilligebyldemerk yn Jorwert: "In onzekere tijd vluchten veel mensen naar Maria"

De byldemerk yn de Redbardtsjerke yn Jorwert © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
Yn dizze tiid fan hege ynflaasje en oarloch helje mear minsken steun út hilligebylden. Dat sjocht samler Jan van Cruchten, dy't mei syn kolleksje op in byldemerk yn Jorwert stiet. "Juist in deze moeilijke en onzekere tijd vluchten veel mensen naar Maria om troost."
Van Cruchten sjocht benammen de fraach nei dy Mariabylden oprinnen. Minsken fine it neffens him noflik om sa'n byld yn harren keamer te hawwen. De fraach is grut yn Fryslân, om't de measte bylden út it suden fan it lân komme moatte.
Fraach nei hilligebylden nimt ta
Dochs binne der yn de Redbardtsjerke ek in minsken dy't allinnich komme om te hanneljen of om harren samling kompleet te meitsjen. Ien fan de besikers hat in heldere misje: it finen fan in byld fan de hilige Nicolaas, ek bekend as Sinteklaas. De man giet úteinlik mei in spekulaasplanke en in lape mei de ôfbylding fan Sinteklaas nei hûs: "Die gaan Fryslân nu verlaten."