Amelanner keunstmoanne hat wer 'smoel' nei in tiid fan grutte ûnwissens

Ien fan de keunstwurken fan de keunstmoanne © Kunstmaand Ameland
In eilân as in kein, blanko skildersdoek: foar de 26e Kunstmaand Ameland is it eilân omtsjoend ta eksposysjeromte, mei dit jier in nije artistyk lieder. Mar dat it evenemint trochgean soe, wie noch net sa fanselssprekkend.
Pieter Smit, direkteur fan de organisearjende stichting, seit dat it evenemint flink fan corona te lijen hie. "It wiene benammen de groepen en âlderein dy't wy misten", seit Smit. "En ek in tal bûtenlânske keunstners kaam net. Sa doarden keunstners út Denemarken it net goed oan hjir te kommen."

De wjerslach fan corona

Om't it tal besikers bot ôffoel, wie 2021 in dreech jier foar de keunstmoanne. Dêr't gewoanwei sa'n 7.000 minsken op it evenemint ôfkamen, wiene it der no mar 4.000. It jier dêrfoar moast it evenemint sels op it lêste momint skrast wurde troch de coronamaatregels, wylst de tariedingen al wol dien wiene.
De wjerslach fan corona die finansjeel in grut berop op de organisaasje. En dat wylst der earder al in flinke opjefte foar de begrutting lei. De provinsje droech yn it ferline alle jierren sa'n 25.000 euro subsydzje by oan de keunstmoanne, mar in pear jier lyn is besletten dêrmei op te hâlden.
"Der hongen reedlik donkere wolken boppe de keunstmoanne", seit Smit.

Stipe fan it eilân sels

De gemeente Amelân en it bedriuwslibben sprongen lykwols yn it gat, en dat is mar goed ek, seit Smit. "Want oars wie it 'einde oefening' foar de keunstmoanne."
Alles byinoar opteld kostet it sa'n 270- oant 300.000 euro om de keunstmoanne te organisearjen. It kolleezje fan Amelân stipet no mei de helte en tsientallen bedriuwen leverje ek in bydrage.
Hoewol't it tal besikers ferline jier ôffoel, draaide de keunstmoanne wol mear omset. "Wy steane der wer", seit Smit ferromme. It bepaalde ek de kar foar it tema fan dit jier: 'Smoel.' Smit: "Wy hawwe as keunstmoanne ek wer 'smoel' krigen."
It tema fan de keunstmoanne yn 2022 is 'Smoel' © Kunstmaand Ameland
De keunstmoanne driuwt foar in grut part op frijwilligers. Sa'n 150 lju strûpe de mouwen op, ûnder oare troch as suppoasten op lokaasje tafersjoch te hâlden.

Toerisme yn de stille moanne

Smit is wiis mei de stipe fan it eilân, mar oarsom is it eilân ek wiis mei de keunstmoanne, seit Smit. Want de besikers fan de keunstmoanne besteegje flink. "Us besikers jouwe sa'n 2,5 kear safolle út as de trochsneed toerist, sa hat bliken dien."
"Doe't wy 25 jier lyn mei de keunstmoanne begûnen wie it doel om it gat op te foljen tusken de hjerst- en de krystfakânsje. Dat is reedlik slagge", konkludearret Smit tefreden. It evenemint hellet in oare doelgroep nei it eilân yn de relatyf stille novimbermoanne.
Dit jier dogge in lytse 50 frij tagonklike lokaasjes mei oan de keunstmoanne. Mei-inoar eksposearje dêr sa'n 90 keunstners. Yn prinsipe is alle keunst te keap: ferline jier binne hast 270 keunstwurken foar mear as 185.000 euro ferkocht.
Ien fan de keunstwurken yn de dunen © Kunstmaand Ameland
Direkteur Smit is bliid dat syn stichting wer nije, ferrassende lokaasjes ynrjochtsje koe. Sa docht ytkafee De Boerderij yn Ballum dit jier mei. It nije plak wie tige wolkom, want de Ballumer tsjerke dy't earder beskikber wie, is no ynrjochte as hotel.
It ferskaat oan keunst is grut. It giet net allinne om skilderijen en bylden, mar ek om poadiumkeunst, literatuer en films yn gearwurking mei it Noordelijk Film Festival. De moanne is fierder oanklaaid mei workshops, filmjûnen, rûnliedingen, lêzingen en priuwrûten.

Fernijing

Smit is grutsk dat der dit jier mear performancekeunst is as earder. Ek de keunstrûte by de einekoai en de ynrjochte tsjerken fynt er bysûnder goed slagge. Yn Ameland State kinne minsken workshops folgje om op Japanske wize op ryspapier te skilderjen. "De útsûnderingen meitsje it leuk."
Dielnimmende keunstners meie pas nei fiif jier wer dielnimme, útsein as sy mei nije keunst yn in hiel oare dissipline komme. Op dy wize wol de keunstmoanne fernijend bliuwe.
Part fan in skilderij fan Doet Boersma © Kunstmaand Ameland
De keunstmoanne krige fia it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje 3.600 euro subsydzje foar 'talentontwikkeling.' Mei it projekt krije studinten fan it Friesland College en fan de HKU (Hogeschool voor Kunsten Utrecht) de kâns har wurk sjen te litten en mei keunstners yn kontakt te kommen.

Wikselwurking mei studinten

"Wy wolle ek jonge minsken in poadium biede", seit Smit oer it projekt. Dat moat in wikselwurking wêze: it evenemint profitearret fan de keunst fan jonge makkers, en de jonge makkers profitearje fan it poadium dat it evenemint biedt.
Smit fertelt dat guon studinten noch echt leare moatte har wurk oan te man te bringen. "Ien fan de studinten hie gjin priiskaartsjes by syn keunst set, wylst der wol belangstelling foar wie. Letter die bliken dat de ferve troch de rein fan it keunstwurk ôfspielde, dus ek dêr hawwe wy it wol efkes oer hân."
Wurk fan byldzjend keunstner Eline Achterhuis © Kunstmaand Ameland
Nij dit jier is ek de kurator, Renée Korbee, dy't Gitte Brugman opfolget. Korbee is as artistyk lieder ferantwurdlik foar de seleksje fan de keunstners en lokaasjes, it ynrjochtsjen fan de eksposysjes en de kwaliteit en it ferskaat fan de keunstwurken.
Korbee komt fan Noordwijk, is oplaat as keunsthistoarikus en eigener fan in buro dat keunstadvys jout. Ek wie se kurator fan Glasrijk Tubbergen, in grut, ynternasjonaal evenemint foar glêskeunst.

Nije blik op keunst

"Mei in nije kurator is it altyd efkes puzeljen", jout Smit ta. "It moat ek wenne en je moatte mei sa'n soad lokaasjes ôfstimme, dat kostet enerzjy. Renée moast ek noch efkes leare wat Hollum, Ballum, Nes en Buren binne", laket Smit.
Dochs kiest de organisearjende stichting mei opsetsin alle trije jier in nije kurator. "Want in nije kurator hat der ek wer in nije blik op." De kurator krijt in pear rjochtlinen mei, mar wurdt yn prinsipe ek alle frijheid jûn.

De lêste jierren foar Smit

Pieter Smit wurke yn it ferline by de VVV en is al sûnt it begjin de driuwende krêft by de stichting. Smit is yntusken 72 jier en dêrmei is ek de tiid kaam dat er stadichoan wat taken oerdraacht yn de organisaasje. Oare fêste krêften dogge foarsichtich wat mear. "Ik tocht: it hinget wat tefolle op Pieter Smit", seit Smit der sels oer.
"Salang't it kin, doch ik it", jout hy ek oan. Mar dat sil gjin jierren en jierren mear duorje. As der in nije direkteur komt, wol Smit him resolút weromlûke. "Sa't it paad echt skjin is foar in nije direkteur."