HEA! In nêst fol Corgi's

HEA! Corgi's
It binne de hûntsjes dy't keninginne Elizabeth fan Ingelân ek hie: Corgi's. It binne aktive, waakse hûnen mei koarte poatsjes dy't fan oarsprong fan it Skotske plattelân komme. Meta Feenstra fan Rotstergaast fokt se al mear as tritich jier.
Op it stuit hat se krekt wer in nêst mei fiif Corgi-pups. Feenstra hat it der drok mei, want de lytskes moasten earst mei de flesse fuorre wurde. By mem Candy woe de molke net komme. No't dat wer goed giet, is it folop genietsjen fan it jonge guod.