Fenna Kalma skoart foar winnend Nederlânsk alvetal, grutte oerwinning Libertas

Fenna Kalma as strieljend middelpunt © Orange Pictures
Fenna Kalma fan Haskerhoarne hat freed ien kear skoard foar it Nederlânsk alvetal yn de oefenwedstriid tsjin Costa Rica. De oanfalster fan FC Twente makke yn de 44ste minút de 3-0. De wedstriid einige úteinlik yn 4-0.
It doelpunt fan Kalma kaam wat gelokkich ta stân. In ferdigener fan Costa Rica woe de bal fuorthelje, mar dy kaam sa tsjin Kalma oan. Sa ferdwûn de bal yn de goal.
Daniëlle van de Donk, Dominique Janssen en Esmee Brugts makken de doelpunten. By dat lêste doelpunt fersoarge Kerstin Casparij fan It Hearrenfean de assist.
Njonken Kalma en Casparij kaam der ek noch in tredde Friezinne yn aksje. Sherida Spitse fan Snits mocht nei it skoft ynfalle. Sy krige noch in giele kaart.

Libertas wint mei 8-3

Yn de earedivyzje sealfuotbal hat Libertas út Driezum mei mar leafst 3-8 wûn fan DWOW út Wieringerwerf. By it skoft wie it al 2-4 troch doelpunten fan Jessie Prijs (twa), Sam Bosma en Silke van der Wal.
Yn de twadde helte skoarden Bosma en Van der Wal beide noch twa kear. DWOW die ek noch wat werom, wêrtroch't de einstân 3-8 wie. Libertas hat dit seizoen alle wedstriden noch wûn.