Plysje siket trije fertochten nei wenningoerfal yn Snits

De plysje by de flat © Noordernieuws
De plysje is op syk nei trije fertochten fan in wenningoerfal oan de Morrahemstrjitte yn Snits. De oerfal soe plak hân hawwe yn in appartemint yn in flat.
De fertochten hawwe donkere klean oan. Se soenen fan 'Surinaamsk/Afrikaanske' komôf wêze. Minsken dy't de fertochten sjogge, moatte se net sels benei komme, mar 112 belje.
De plysje docht ûndersyk nei wat der krekt bard is. Der is in Burgernetaksje opset om de fertochten te finen.