Sjors Ultee opfolger fan Henk de Jong by Cambuur: "Grote schoenen om te vullen"

Sjors Ultee © Dijks Fotografie
Sjors Ultee is de kommende oardel jier trainer yn it Cambuur Stadion. Mooglik nimt hy Rob Alflen mei as assistint-trainer foar de rest fan it seizoen, mar mei him is de klup noch yn petear.
SC Cambuur moast in nije trainer sykje nei it ôfheakjen fan Henk de Jong, trije wiken lyn. Ultee is him derfan bewust dat it in grutte útdaging is, sjoen de posysje dêr't de Ljouwerters no yn sitte. Se steane op it ien-nei-lêste plak yn de earedivyzje.

Kontakt mei Henk

De 35-jierrige Utrechter hat kontakt socht mei De Jong, foardat er syn ja-wurd joech oan Cambuur. "Het opvolgen van Henk is een vervelende en heftige situatie. Het zijn grote schoenen om te vullen, want het is een goede en populaire trainer. Het is een eer zo'n fijn mens te mogen opvolgen."
Der hawwe meardere petearen west tusken Ultee en ferskate minsken fan Cambuur, sa as de direksje, ried fan kommissarissen en de technyske stêf. Ultee krige in goed gefoel út dy petearen. "Na elk gesprek werd het alleen maar beter. Het gevoel om samen te vechten voor handhaving is sterk aanwezig. Ik ben trots en blij om hier te zitten."
"Het is een eer om Henk op te volgen"
Technysk manager Foeke Booy fan Cambuur leit de komst fan Ultee út: "We zijn er hartstikke blij mee, omdat Sjors in onze ogen de aansluiting kan vinden met de huidige selectie en onze manier van spelen."

Doelstelling bliuwt hanthavenje

De opdracht dy't Cambuur meijout oan de nije trainer is dat er de klup yn de earedivyzje hâlde moat, sa fertelt Booy. "De doelstelling handhaven blijft staan. Het belangrijkste is dat we een doorstart kunnen gaan maken in een moeilijke situatie. We staan er minder voor dan verwacht."
Beide partijen hawwe der bewust foar keazen om te begjinnen nei de Fryske derby tsjin sc Hearrenfean. "We hebben een heel lange voorbereiding, zoals in de zomer. Daarom willen we juist na de wedstrijd van Heerenveen een nieuwe start maken."
"We staan er minder goed voor dan gehoopt"
By Fortuna Sittard wurke Ultee gear mei Rob Alflen as assistint-trainer. De bedoeling is dat de Alflen, dy't ek noch by Cambuur spile, de rest fan dit seizoen taheakke wurdt oan de technyske stêf fan Cambuur. Op dit stuit sit hy noch yn it bûtenlân.
Booy: "Het is een sterke wens om dat in de loop van komende week compleet te maken." Dat hat gjin ynfloed op it wurk fan de assistinten fan no, Pascal Bosschaart en Martijn Barto. Dy bliuwe gewoan yn dy funksje.
Cambuur is een warme club met fijne mensen en een duidelijke structuur en visie.
Nije Cambuurtrainer Sjors Ultee by syn presintaasje
Ultee hat him goed taret op syn nije baan. Hy seach al sân wedstriden fan Cambuur. De trainer hat der in soad nocht yn om te begjinnen, ek om't hy tinkt dat Cambuur by him past. "Als je thuis zit, ga je nadenken over bij welk type club ik zou willen werken. Cambuur komt daar wel uit naar voren. Het is een warme club met fijne mensen, een duidelijke structuur en visie", seit Ultee.
En dat seit hy net samar. "Dat heb ik eerder ook al een paar keer in interview genoemd, dus het is niet alleen nu een mooi verhaaltje", laket de nije haadtrainer ta beslút.
De seleksje fan SC Cambuur hat nei de Fryske derby fan snein twa wiken frij. Op moandei 28 novimber stiet Sjors Ultee foar it earst op it trainingsfjild yn Ljouwert. Hy sil syn offisjele debút meitsje op snein 8 jannewaris as FC Volendam op besite komt yn it Cambuur Stadion.