Njoggentjin miny-dokumintêren oer Fryske ynwenners yn Leen een Fries

Leen een Fries © Leen een Fries
Mei it projekt Leen een Fries binne fan oktober ôf njoggentjin miny-dokumintêren te sjen oer Fryske ynwenners. Fan slachter oant filmmakker en fan sosjaal wurker oant ielfisker. De miny-dokumintêren binne fan oktober ôf te sjen op it YouTube-kanaal fan Omrop Fryslân. Op tiisdeis en tongersdeis komme nije útstjoeringen online.
De dokumintêres wurde makke troch fiif jonge filmmakkers út Fryslân. Dit soarget foar allegear hiele ferskate portretten. De tema's dy 't behannele wurde binne: nije of Fryske identiteit, de Waadsee en it wetter, wurdearring fan ambacht en fakmanskip, spiritualiteit en leauwen en nij aktivisme.

Leen een Fries

It projekt 'Leen in Fries' dielt de kennis fan Fryske ynwenners. Oer wa't se binne, wat se dogge en wêrom't se dit dogge. Der binne nammentlik in soad nijsgjirrige ferhalen út Fryslân te fertellen. De lienfriezen binne keazen op basis fan aktuele tema's; Dirk Kuiken fan Oentsjerk is in fytsaktivist, Aukje Postma fan Akkrum is in supcleaner en Sherab fan Hantum hâldt him dwaande mei spiritualiteit.

Ferhalen fan Fryske ynwenners

Bist benijd nei wa't de Friezen fan Leen in Fries binne? Sjoch hjir nei de ferhalen út eigen provinsje.
De Leen een Fries miny-dokumintêres binne makke in gearwurking mei New Noardic Wave, Leen Fries en FERS. Mei tank oan Provinsje Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje op www.leeneenfries.nl.