Programmamakker Feije van der Meer mei pensjoen: "Ik bewarre it bern yn mysels"

Feije van der Meer mei syn kreaasjes © Omrop Fryslân
Generaasjes bern binne grutbrocht mei de ferhalen fan Bear Boeloe, Tomke en Kening Hert & Harry Hazze. De man achter dy programma's, Feije van der Meer, giet mei pensjoen. We sjogge mei him werom en foarút.
De Burgumer stie oan de widze fan Fryske bernetelefyzje. Bern gienen net earder op bêd as dat de grutte bear op Skiermûntseach har goenacht winske 'En foar aanst lekker sliepe'.
Van der Meer wurke 29 jier by Omrop Fryslân en wie der al foardat de telefyzje yn 1994 begûn. Dochs wie dat hielendal net it plan.
Wat is dyn achtergrûn?
"Ik bin oplaat as automonteur. As bern wist ik net wat ik wurde woe. Ik koe wol leare, mar ik learde net. Ik seach altyd nei bûten, nei alles wat dêr gebeurde. En as automonteur koest alle kanten op. Ik wie in pear jier monteur, mar dêr lei myn hert net.
Ik wurke in skoft yn it magazyn en koe doe oan de slach as kommersjeel technysk adviseur by BASF autolakken. Dat lake my wol oan, in moai pak, goed fertsjinje en in dikke auto ûnder de kont. Ik fûn it ferskriklik en rekke finaal opbrând. Dat hie ik sels net iens yn de gaten. Ik wie allergysk foar oplosmiddels en krige allerhanne klachten.
Mei in burn-out en in depresje ha ik sawat twa jier út it wurk west."
Wat ik fertsjinje kin my neat skele, wat ik dwaan moat, kin my ek neat skele, as ik de kâns mar krij om my te ûntwikkeljen.
Feije van der Meer oer dat er by de Omrop oan de slach woe
Hoe bist by Omrop Fryslân kaam?
"Yn 1992 lies ik yn de krante dat de omrop mei telefyzje begjinne woe. Potferdikke, tocht ik. Dat soe ik wol wolle. Kreatyf wurk, dat like my fantastysk. Om it fak fan telefyzje meitsjen te learen, frege ik oan myn wurkcoach destiids oft ik in oplieding folgje koe. Nei't ik oan hiel wat betingsten foldwaan moast, fan in yntinsjeferklearring oant in yntelliginsjetest en fan in talittingseksamen oant in wurkgarânsjeferklearring, gie dat lang om let net troch.
Mar fanwegen myn kabaretduo M.A.F. dat stiet foar Mei Anno en Feije, hie ik alris foar de omrop west en sa koe Marinus de Boer, de direkteur, my. Ik belle him en sei dat ik graach komme woe. 'Wat ik fertsjinje kin my neat skele, wat ik dwaan moat, kin my ek neat skele, as ik de kâns mar krij om my te ûntwikkeljen' sei ik.
En in jier letter wie it safier. Foar de ferbouwing op de Nijstêd sochten se in kontaktpersoan, oft dat wat foar my wie. Ik koe fuort de oare moarns 7.00 oere begjinne. Dat wie it begjin fan myn omrop-karriêre: as húsmaster. Doe't ik op in moarn kaam en der net ien mear wie, de sinten wienen op, ha ik it sels ôfmakke."
Bear Boeloe © Omrop Fryslân
Wat wie dyn earste programma?
"lk mocht al gau by telefyzje dingen dwaan, by útstjoeringen bantsjes yn de masine triuwe en de kranten opnimme mei in echte kamera. Binnen it jier kaam it idee om in berneprogramma te meitsjen, dat idee kaam by Helena de Boer, de tekener en skriuwster fan Bear Boeloe, wei.
Se fregen oft dat wat foar my wie. Jawis, sei ik, dat is krekt wat. Dit wie fansels myn kâns. Mei myn ûnderfining yn kabaret en toaniel koe ik my útlibje yn de stimmen fan de ferskillende personaazjes. Yn de pilot die ik alle stimmen, dus de fertelstim en dy fan de figueren. Mar doe kaam Leny Dijkstra derby as ferteller en die ik alle typkes. Ik naam ek de regy foar myn rekken. It paste my as in jas. Dat blykt ek wol, we ha 785 ôfleveringen makke.
Yn 2020 binne we nei 25 jier ophâlden mei Bear Boeloe. En mei Tomke ha we ek al it 25-jierrich jubileum hân, dat programma rint noch altyd."
Hast in favoryt personaazje?
"Bear Boeloe is myn favoryt, eins alle figueren wol, lykas de kat en omke Willem. In nije stim betinke die ik yn de auto, om't net ien my dan hearre koe.
Mei in kassetterecorder siet ik te repetearjen watfoar stim by it personaazje paste. Elk karakter moat syn eigen stim krije, mar oeral sit wol wat Feije yn."
Tomke © Omrop Fryslân
Wolst de bern wat meijaan?
"Se meie der wol wat fan opstekke, mar net mei in belearend fingerke. Ik besykje dingen te meitsjen dy't derta dogge en dy't de bern werombringe nei it normale. It is moai as minsken rekke wurde en it bysûndere fan de wrâld sjogge.
De Fryske taal fyn ik hiel belangryk en brûk ik hiel bewust. Fansels ha ik wolris wraksele mei in wurd as 'ferrinnewearre', sa'n wurd giet ferlern, mar is moai om te brûken. Op de tekening kinst sjen wat it betsjut, dat de tún hielendal wyld begroeid is. Op boartlike wize kinst sa de taal yn stân hâlde."
In pop is magysk, dy kin alles dwaan en sizze en bern pikke dat.
Feije van der Meer oer Kening Hert & Harry Hazze
Wêr bist it meast grutsk op?
"Dat binne ferskillende dingen. Dat de programma's sa goed ûntfongen wurde, dat ik altyd mei sokke fantastyske minsken wurkje mei. Dat we mei 'Dûnsje mei Tomke' in Europeeske oanmoedigingspriis wûn ha en fansels de priis dy't we foar in ôflevering fan it programma Kening Hert & Harry Hazze wûnen yn 2017, de Circom Award. Dat is in prestizjeuze Europeeske priis foar programma's fan regionale omroppen.
Dat programma is my hiel dierber. It idee fan de foarm komt hielendal út myn eigen koker. Ik krige de fraach om nei te tinken oer in nij berneprogramma dat oars as oars wêze moast. Al frij gau tocht ik oan poppespiler Jozef van den Berg, dy't ik op telefyzje seach doe't myn bern lyts wienen. Hy hie Mannetje Pluim, it meast ûnnoazele popke watst betinke koest, mar it wie fantastysk. Doe wurke ik noch hielendal net by de omrop, mar dat rekke my doe sa, dat ik graach wat mei akteurs mei poppen meitsje woe.
In pop is magysk, dy kin alles dwaan en sizze en bern pikke dat. Omdat in pop gjin mimyk hat, woe ik dat tafoegje mei akteurs. Brecht Wassenaar en Thijs Meester spylje yn it skaad fan de pop, sa wurde se ien. De priis wie in enoarme erkenning."
Brecht Wassenaar mei Harry Hazze en Thijs Meester mei Kening Hert © Omrop Fryslân
Hoe komt it dat dyn programma's sa populêr binne?
"Ik ha it bern yn mysels bewarre. Dat bern hat ferskillende leeftiden. Ik ha de ferwûndering yn my, de gekkichheid, it entûsjaste en it boartlike. En it moaie is, datst altyd by dysels te riede kinst. Datst as folwoeksene as bern tinke kinst, omdatst dat bewarre hast."
Feije van der Meer yn de montaazjeset mei links in byld fan Kening & Kening © Omrop Fryslân
As lêste projekt makke Feije van der Meer in bewurking fan it printeboek Kening & Kening (út 2000), dat ynternasjonaal suksesfol is en yn tolve talen oerset is. It giet oer in prins dy't fan syn mem trouwe moat, omdat sy mei pensjoen wol, mar hy fynt de prinsessen dy't delkomme neat oan. "Hearlik om te meitsjen. Hoe it ôfrint, sis ik net, mar se libje noch lang en lokkich."
Wat is dyn grutste driuwfear?
"In pionier sil ik mysels net sa gau neame, al is it miskien wol in bytsje sa. It is gien sa't it gien is. Alle kearen wer in stapke fierder. Ik ha altyd in enoarme driuw om mysels te bewizen. En ik ha besocht alles derút te heljen. No't ik ophâld, is dat wol wat in probleem.
Der binne safolle fasetten oan dit wurk dy't ik allegear sels doch, wa moat dat oernimme? Ik ha der 25 jier oer dien om it te learen. Fansels wit ik dat programma's ferdwine of feroarje en dat der nije minsken komme, en dat moat ek, it libben giet troch."
En wat silst no?
"Ik bin fan 1956 dus dan moatte je derút mei 66 jier en sân moannen. Myn fêste tsjinstferbân hâldt op. Dat fielt frjemd. Takom jier kom ik werom as zzp'er foar oardel dei yn de wike."
Bang om my te ferfelen bin ik net.
Feije van der Meer oer syn pensjoen
"Net dat ik bang bin foar it 'swarte gat', want ik sil oare dingen oppakke, mar de Omrop wol noch mei my troch en dat wol ik ek wol. En ik sil myn kennis oerdrage en minsken opliede dy't it wurk oernimme.
Bang om my te ferfelen bin ik net. Ik ha hobby's genôch, lykas golvje en mei de metaaldetektor it lân yn. En wa wit watfoar ideeën oft der noch komme. De kop hâldt net op, dy wurket wol troch."