Boeren fiere aksje by Drachten, benaud foar hanthavening op PAS-melders

De trekkers ûnderweis nei Drachten © CAMJO media
In hûnderttal trekkers en auto's fiere aksje by Drachten. Sy protestearje omdat se benaud binne dat de provinsje Fryslân hanthavenje sil tsjin saneamde PAS-melders.
De aksjefierders binne fan it carpoolplak yn Fryske Peallen nei Drachten ta riden. Dat plak is útkeazen om't minister fan Lânbou Piet Adema yn de omkriten fan Drachten wennet, sa ferklearre ien fan de protestearjende boeren.
De bedoeling is dat de trekkers dwers troch Drachten ride en dêrnei by it gemeentehûs fan Smellingerlân protestearje, sa sei de boer. Neffens him wie de hoop al dat der in lytse 100 aksjefierders byinoar komme soene op it plein.

PAS-melderprotest

De aksjefierders binne benaud dat de provinsje Fryslân hanthavenje sil tsjin de útstjit fan PAS-melders yn de provinsje. Dat binne agraryske bedriuwen dy't foar it Programma Aanpak Stikstof (PAS) in melding diene by de oerheid foar aktiviteiten dêr't net in soad stikstofdelslach by sjen kaam.
Tsientallen minsken fiere aksje by Drachten tsjin it hanthavenjen op PAS-melders
Dizze PAS-melders hoegden dan ek net in fergunning oan te freegjen. Mar yn 2019 wie it de Ried fan Steat dy't in streek troch dit oerheidsbelied en de PAS sette. Sûnt dy tiid is de wol in fergunning nedich foar projekten dy't stikstofdelslach opsmite.

Twangsom

Yn Oerisel waard dúdlik dat de boeren dêr in twangsom boppe de holle hinget, sa hat dy provinsje witte litten. Dy twangsom folget as de feehâlderijen net tusken fjouwer en seis moannen har stikstofútstjit omleech bringe.
By de aksje by Drachten © CAMJO media
De provinsje Oerisel hat wegere om te hanthavenjen, mar no't it kear op kear rjochtsaken ferliest, is it langer wegerjen gjin opsje mear. Oerisel wol dat Den Haag yn aksje komt. Om PAS-melders te legalisearjen, is der stikstofromte nedich.
Troch it gedoch yn Oerisel binne ek Fryske boeren benaud wurden dat der hanthavene wurde moat.