Skriuwersbûn wol dat oare ynstelling master Frysk fersoarget, yn Ljouwert

Deputearre Steaten en it Ryk moatte in oare universiteit sykje foar in folweardige masteroplieding Frysk, fynt It Skriuwersboun. De feriening is net wiis mei de gearwurking mei de Ryksuniversiteit Grins (RUG).
It Skriuwersboun is in feriening dy't him ynset foar Fryske skriuwers, dichters, oersetters en publisisten. As brûkers fan de taal hat it bûn belang by in akademyske oplieding Frysk.
De gearwurking mei de RUG soe opsein wurde moatte, fynt it bûn. It wol fierder dat yn de Bestjoersôfspaak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) betingsten opnaam wurde foar de oplieding en de learstoel, mei literatuerstúdzje. Dêrby moat de Frisistyk eksplisyt neamd wurde.
Stúdzje moat yn Ljouwert
Fierder wol it bûn dat de heechlearaar yn Ljouwert syn of har wurkplak hat. Dat kin binnen in wittenskiplike ynstelling of in ynstelling fan it heger ûnderwiis, mar wol mei in selsstannige status. In masteroplieding yn Ljouwert sit ticht by de minsken en de organisaasjes dy't harren ynsette foar it Frysk.

Neffens foarsitter Willem Verf fan it bûn is de provinsje Fryslân te nayf en hat de provinsje himsels fierstente ôfhinklik makke. "De RUG is ûnwillich. Jimme jild wurdt troch harren net brûkt dêr't it foar ornearre is. Net allinne wurdt it professoraat skrast, der is ek gjin literatuerkundige by de universiteit, likemin as in histoarikus op dit mêd", lit Verf witte.
Heechlearaar
"It mei net sa bliuwe dat wy skriuwe yn in taal dy't gjin folweardich professoraat en wittenskiplike oplieding mear hat", skriuwt Verf. In part-time taalkundige kin wat it bûn oanbelanget nea yn al it ferlet foarsjen.
Om't de RUG der net yn slagge is in nije heechlearaar Frysk te finen as opfolger fan Goffe Jensma, is earst taalkundige Anne Merkuur oansteld as universitêr dosint. Op termyn kin sy heechlearaar wurde, sa is it idee.

It Skriuwersboun wol sa gau as mooglik wer in 'folweardich heechlearaar Frysk' en seit ek 'út de eigen kontakten' te begripen dat dêr wol in tal potinsjeel geskikte kandidaten foar wêze soe.