Kafee-eigener Ton Eijer: "Ik krij enerzjy as in oar genietet"

Yn muzykkafee Scooter's yn Ljouwert draait it om sfear en entertainment. It haadyngrediïnt dêrfoar is live-muzyk, itjinge dêr't eigener Ton Eijer in karrefracht oan ûnderfining mei hat.
Alle wykeinen kinne leafhawwers yn muzykkafee Scooter's terjochte foar in liveband. Dat is benammen te tankjen oan Ton Eijer (56). Hy wit alles fan de brânsj en hellet alle kearen wer in moaie groep muzikanten nei it Ruterskertier.
"Je moatte derfoar sjen te soargjen dat in band dêr graach spilet. Dan krije se ek wat werom fan it publyk. Sa ûntstiet der in wikselwurking", seit de yn Jobbegea opgroeide Eijer.

Sels op it poadium

Yn syn jongere jierren wie de eigener sels dejinge dy't it poadium opstapte, om dêr dêrnei sitten te gean efter it drumstel. In moaie wize fan uterjen fan wat je fiele en dogge, seit er. "Boppedat komst nochris earne. De kroegen bydel. Hearlik." Op dizze wize rekke Eijer sawol as klant en as muzikant bekend mei de kafees. Kennis dy't er letter goed brûke koe, doe't er sels bands boekte foar Scooter's.
Ofgeande op syn oplieding, like er yn earste ynstânsje in oare wei yn te slaan. "Ik folge in oplieding wêrmei't ik etaleur wurde koe. Ut namme fan de C&A die ik dêrnei de ferkeap yn it noardeasten fan it lân. Mar ik wie wat rebelsk, sei te faak wat ik fûn. Dat waard my net yn tank ôfnommen." Eijer hold op mei syn wurk en ek syn relaasje siet op in dea spoar. "'Wat wol ik no eins?', frege ik my ôf."

Untdekkingsreis troch Amearika

De kafeewrâld. Dat fûn er moai. Hy besleat in kursus te folgjen oer it hâlden fan in kroech en mei syn nije freondinne luts er letter nei Amearika. "It waard in ûntdekkingsreis troch Nashville en oare muzykstêden. Dêr hawwe wy goed om ús hinne sjoen. Hoe sjocht it derút yn dy kafees mei ûnderskiedende muzyk? Hoe giet it deroan ta?"
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1 op 1 petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it YouTube. Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
By weromkomst begûn it stel in kafee yn Drachten. Eijer koe nei eigen sizzen noch gjin bierke taapje, mar it fak fan kafeehâlder krige er gau yn de macht. Letter iepene er muzykkafee Scooter's yn Ljouwert. In plak dêr't oant op de dei fan hjoed ûnder mear blues, rock, rockabilly en indie-pop de romte folje.
Gasten fine it prachtich as in muzikant út 'e Feriene Steaten efkes syn gitaar yn 'e nekke leit.
Ton Eijer
Troch it ferskaat oan bands ferfarske ek it publyk him, seit Eijer. "Gewoanwei tinke je faak as muzikant, 'Ah dêr hast dy mei it lange hier wer, en oh, dy dikke tonne sit ek wer op itselde plak'. Hjir is dat oars, der komme hieltyd oare minsken."
"It belangrykste is dat minsken har fermeitsje. Logysk. Mar dat betsjut dat somtiden entertainment wichtiger is as kwaliteit. Gasten fine it prachtich as bygelyks in muzikant út de Feriene Steaten efkes syn gitaar yn 'e nekke leit. It soarget foar feest. En as der feest is, wurdt der ek mear dronken. Dat is wer wichtich foar ús, want we moatte de ynkomsten wol ergens weihelje, fansels."

'I wanna rock Scooter's'

Eijer hat troch de jierren hinne de meast ferskillende muzikanten boekt. "Foarige wike bygelyks stie hjir Papafromigas, in band út Emmen dy't Balkangipsy-muzyk makket. Dat waard in hearlik, net gongber, feestje."
Fierders komt it hieltyd faker foar dat de artysten Eijer witte te finen yn stee fan oarsom. "Sa kin ik my noch goed heuge dat myn telefoan gie en ik in man mei heaze stim sizzen hearde: 'I am John Hayes, do you know who I am?' No, dat wist ik wol: de gitarist fan Mother's Finest. 'I wanna rock Scooter's. Give me a date', sei er. Prachtich."
By Natupop steane de muzikanten foar 1500 neakene minsken.
Ton Eijer
Eijer hat syn eigen boekingskantoar en regelet dus ek bands foar oare eveneminten. Under mear foar festivals. Ien dêrfan is Natupop, in naturistefestival dat plakfynt op in fakânsjepark yn Zeewolde. Hjir boekt er sûnt in pear jier de bands.
"Dy muzikanten steane dan foar 1500 neakene minsken. In soarte fan nudistedoarp. Dat wie de earste kear efkes wennen. Ek omdat it in wat âlder publyk is, by wa't de boel net allegear mear like strak is, haha."

Gelok troch te jaan

Hy jout oan dat it wurk yntusken wat swierder is as eartiids. "Tsja, de leeftiid begjint in rol te spyljen. En in hiel soad fertsjinje je der net mei. Ast de oeren rekkenest dy'tst makkest en sjochst wat it opsmyt..."
Mar dat is dúdlik net dêr't it om draait by Eijer. "In soad minsken sitte troch de wike op kantoar of binne dwaande yn it fabryk. Sy sjogge út nei it wykein. Dan kinne se einliks leuke dingen dwaan. Ik wurd dêrneist ek gelokkich fan myn wurk. En dat is it delsetten fan de geskikte persoanen, sadat ek oaren genietsje. Dat jout my enerzjy."

De list fan Ton Eijer

Artyst Nûmer
Lynard Skynyrd Sweet Home Alabama
Mark Foggo New Shoes
Journey Lights
William Seen's Transport Music Walk Around Oblivious
Andy Frasco Main Squeeze