Minister lit Keamerfragen oer it Frysk te lang lizze, fynt D66

Romke de Jong wachtet op antwurden © ANP
Minister Hanke Bruins Slot moat sagau mooglik dochs noch antwurd jaan op de Keamerfragen oer de Fryske taal fan july. De fragen gean oer de takomst fan it Fryske taalbelied. D66 hat de minister yn in brief mei klam frege om de antwurden.
De minister komt op 24 novimber nei Fryslân om yn de Rede fan Fryslân har fizy te jaan op de Fryske taal. D66 wol foar dy datum antwurden hawwe op de fjirtich Keamerfragen. De measte fragen komme fan Romke de Jong. Syn fragen stean yn it Frysk, de twadde rykstaal fan Nederlân.

Nije BFTK

De antwurden binne nedich foar de Bestjoersôfspaak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). Dy wurdt om de fjouwer jier opnij fêstlein. De ôfspraken gean oer befoardering fan de Fryske taal wat ûnderwiis, rjochtspraak en media oanbelanget.
De provinsje Fryslân en it Ryk ûnderhannelje op dit stuit oer de nije bestjoersôfspraak. Sûnder de antwurden kinne wy net kontrolearje wat de ynset fan de minister wêze sil, fynt De Jong.
Benammen by it Ryk is te min ambysje foar it Frysk, konstatearren eksperts by in lêzing fan advysorgaan DINGtiid ôfrûne sneon. De lêzing gie oer de Europeeske ferdraggen dy't it Ryk ûndertekene hat om it Frysk te beskermjen.

Ried fan Europa

It Fryske Keamerlid Romke de Jong fan De Gordyk is it iens mei de eksperts. "Dizze simmer kaam in advysgroep fan de Ried fan Europa nei Fryslân om te sjen hoe't it mei it Fryske taalbelied stiet. De konklúzjes binne der noch net, mar nei alle gedachten binne se net mis. It is dan kru dat ús fragen sa lang lizzen bliuwe."
Minister Hanke Bruins Slot en deputearre Sietske Poepjes yn Frjentsjer yn april © ANP
It is net sa dat de minister Ynlânske Saken neat docht foar it Frysk, sa hat Bruins Slot yn april mei deputearre Sietske Poepjes ôfspraken tekene om it Frysk sichtberder te meitsjen yn it strjitbyld, bygelyks mei buorden by weiwurksumheden.