Noordelijk Film Festival wol ek publyk binnenhelje dat oars nea in film sjocht

De iepeningsfilm op it festival © Lucas Kemper
It Noordelijk Film Festival hat him in doel set foar de 42ste edysje, dy't woansdei úteinset is. It festival moat mear minsken oansprekke en wol better ynspylje op de filmleafhawwers, mar ek op minsken dy't net faak nei de film ta geane.
Iepeningsfilm dit jier wie de Ierske film 'The Banshees of Inisherin', in swarte komeedzje. Mei hast tûzen man yn de seal wie dizze film hielendal útferkocht.
De kommende dagen binne der sa'n hûndert ferskate films te sjen yn De Harmonie, Slieker Film en Pathé yn Ljouwert.
De iepening fan it Noordelijk Film Festival
It festival lûkt ek de provinsje yn: ek yn De Koornbeurs yn Frjentsjer en yn De Lawei yn Drachten is in oantal films te sjen.
De FryslânDOK 'Kibboets op 'e klaai' - in trijedielige searje fan Syds Wiersma, Gerard van der Veer en Gerko Jonker - giet tongersdei yn premjêre op it Noordelijk Film Festival yn de Koornbeurs yn Frjentsjer. De dokumintêresearje giet oer in Joadske kibboets oan de râne fan Frjentsjer, tusken 1934 en 1941.