Hoedemakers: "Je hebt als team succes nodig om in die flow te komen"

Mees Hoedemakers © Orange Pictures
Mees Hoedemakers belibbe de ôfrûne jierren hast allinnich mar suksessen by SC Cambuur. Hoe oars is dat no. De Ljouwerters steane ien-nei-lêste en spylje jûn de útwedstriid tsjin Feyenoord.
Dat is net in wedstriid dêr't je op foarhân fan sizze: yn De Kuip kin Cambuur punten pakke. Mar wat miskien wol moed jout, is dat de Ljouwerters earder dit seizoen mei 3-0 wûnen fan PSV. As alles meisit, kin Cambuur it de topklups fan Nederlân dus lestich meitsje.
In faze wêryn't alles mei sit, belibbet Cambuur no lykwols totaal net. Ofrûne freed waard der, nettsjinsteande inkele goeie kânsen, mei 1-0 ferlern fan NEC. En yn trije fan de tolve kompetysjewedstriden skoarde de ploech fan ynterim-trainer Pascal Bosschaart. Dat is te min.
"Het is niet ideaal natuurlijk", seit Hoedemakers oer de situaasje dêr't Cambuur no yn sit. "Het moet wel beter, want je staat wel waar je hoort. We moeten onszelf belonen en daar moeten we echt beter in worden."

Stunte tsjin Feyenoord

Nettsjinsteande dat de resultaten ôffalle en dat de sfear yn it Cambuur Stadion net optimaal is, tinkt Hoedemakers net dat de ienheid fan de ploech ferlern giet. "De kracht van ons is dat we een team zijn, maar je hebt als team succes nodig om in die flow te komen. Daar zijn we echt naar op zoek. We hopen tegen Feyenoord te kunnen stunten."
Nei topseizoenen spilet Mees Hoedemakers no mei Cambuur tsjin degradaasje
Ek foar Hoedemakers persoanlik is it oars as oars dit jier. De Noard-Hollanner spilet no goed trije jier yn Ljouwert en dêryn waard er kampioen fan de earste divyzje en belibbe er it bêste seizoen út de klupskiednis fan Cambuur yn de earedivyzje.

In ôfketste transfer en in ferlerne basisplak

Foar dit seizoen koe en woe Hoedemakers nei FC Utrecht, mar ta in oerstap kaam it net. Dêrnei knokte er him werom, mar kaam er nei in reade kaart tsjin RKC Waalwijk dochs wer bûten de Ljouwerter opstelling te stean. Sûnt heal oktober hat er syn basisplak werom.
"Het is wel even wat anders dan de afgelopen jaren, toen alles best wel gestroomlijnd ging. Er komen nu wat andere dingen op me af. Ik probeer rustig te blijven en m'n niveau te halen", seit Hoedemakers. "Dingen overkomen je en daar moet je mee omgaan."
De wedstriid tusken SC Cambuur en Feyenoord begjint tongersdeitejûn om 20.00 oere. Yn in ekstra sportprogramma op 'e radio docht Omrop Fryslân ferslach fan dat duel. It programma begjint om 19.45 oere. It kommentaar út De Kuip komt fan sportferslachjouwer Andor Faber. Analist is Jordy van Deelen, âld-spiler fan beide klups.
Tongersdei stiet Hoedemakers nei alle gedachten ek wer yn de basis tsjin Feyenoord, al woe ynterim-trainer Pascal Bosschaart neat kwyt oer de opstelling. Dizze wike trainde Cambuur yn in systeem mei fiif ferdigeners en dus soe der wol it ien en oar feroarje kinne yn de opstelling.
Wêrom tinkt Hoedemakers dat Cambuur stunte kin yn De Kuip? "Wij hebben een stabiele verdediging, die niet superveel kansen weggeeft. En we kunnen kansen creëren, dus dat kan ook tegen Feyenoord. Vliegt-ie er een keer in en hebben we een keer wat mazzel, dan kun je zomaar eens punten halen."