Slûs fan 'Venetië van het Noorden' wol spesjale status: "Want no wurdt it net beskerme"

Auke Bult by de slûs fan Molkwar © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
It histoaryske slûske fan Molkwar oan de Sédyk krijt mooglik de status fan in gemeentlik monumint. Troch de slûs groeide Molkwar út ta hannelsdoarpke en krige it de bynamme 'Venetië van het Noorden'.
Auke Bult wennet yn Molkwar en is al 25 jier belutsen by de slûs. Hy rint oer de seedyk. "Der is net in soad mear fan de rike skiednis oer, hin?"
Bult begroetet in fytser dy't mei in grutte slach op de trapers yn de hurde wyn op besiket te kommen. "It is in plakje dêr't in soad minsken op ôf komme, sa't je no ek wol sjen kinne."
De slûs leit tusken de Iselmar en it doarpke Molkwar yn. As er by de midden fan de slûs komt, hâldt Bult even op mei praten.
As Amsterdam groeide, die Molkwar dat ek.
Auke Bult
"Dit neame wy de Bocht fan Molkwar", fertelt er. "It doarp waard yn de tiid fan de VOC brûkt om de skippers út Amsterdam op te fangen. Dy wiene fansels drok mei de nôthannel en koene hjir efkes ta rêst komme."
De relaasje mei de haadstêd hie syn ynfloed op it doarp: "As Amsterdam groeide, die Molkwar dat ek. Op it hichtepunt wiene der sa'n 1100 oant 1200 ynwenners en dat wylst der no noch mar 300 binne. It smiet it doarp twa bynammen op. 'Venetië van het Noorden' en it 'Fryske Doolhof'. Molkwar wie sa grut, dat je der it paad bjuster koene."
Molkwarder slûske wurdt gemeentlik monumint
Allinnich de slûs is noch oerbleaun fan it rike skiednisferhaal, al leit dy der fertutearze by. "De slûs is net mear yn gebrûk, want Molkwar is fansels net sa grut mear as doe. Yn 1958 is de slûs tichtmakke en is der eins neat mear oan dien. Dat sjochst ek oan de houten peallen dy't eins ferrotte binne."
Koartlyn hat de gemeente Sudwest-Fryslân oanjûn dat de slûs mooglik in monumintestatus krijt. De gemeente hat dêr in advys oer jûn yn de saneamde 'Kleine Monumentencommissie'. Dat advys leit no by de Grote Monumentencommissie en dy jouwe op 17 novimber yn Ljouwert in advys.
As dat posityf is, moat de gemeente der sels noch op stimme. Healwei desimber wurdt de útslach ferwachte.
"It soe moai wêze as wy jild krije om dit opknappe te kinnen", seit Bult. "Dêr binne we al jierren mei oan de gong en dus is it moai dat it no dy kant op liket te gean. Dat is wichtich foar Molkwar en de skiednis."
"Sa't it der no by leit, is it ek skande", seit Bult