Provinsje freget help fan Ryk foar kompensaasje hege enerzjykosten yn de kultuersektor

Deputearre Sietske Poepjes © Omrop Fryslân
De provinsje stjoert in brief oan steatssekretaris Gunay Uslu fan Kultuer mei in fersyk om stipe foar de oprinnende kosten yn de Fryske kultuersektor. De provinsje hat dêr sels net genôch jild foar, seit deputearre Sietske Poepjes.
Yn it brief stiet dat Fryslân in ambisjeus kultuerbelied fiert en ek oer in breed front subsydzjes beskikber stelt foar allerhanne keunst- en kultuerprojekten. Yn de coronatiid hat de sektor it swier foar de kiezzen hân en wie de provinsje yn steat om by te springen. Mei dêrtroch hat de sektor oerlibbe, stiet yn it brief.

Nije soargen

De lêste tiid binne der lykwols nije soargen kaam, lykas de ynflaasje, de hege enerzjyprizen en de negative ekonomyske foarútsichten. Dy kin de sektor net allinnich drage. Ek net mei stipe fan de provinsje, want dy is net genôch. Dêrom freget Poepjes it Ryk om by te springen. Allinnich op dy wize kinne de ambysjes fan de sektor oerein hâlden wurde.
Ferskate belangeferienings, lykas de Museumvereniging en de Vereniging Nederlandse Poppodia en Festivals, hawwe it Ryk ek al om stipe frege. De provinsje slút him dêr no by oan.
Poepjes hopet dat yn desimber dúdlik wurdt oft de stipe fan it Ryk der komt.