Miljoenen nei films yn de regio: "Hollywood aan het Wad, ik geloof erin"

Joris Hoebe fan New Noardic Wave © Lucas Kemper
De kommende fjouwer jier geane der miljoenen nei films yn de regio. De lanlike oerheid ynvestearret der flink yn. "Een historisch moment", seit Joris Hoebe fan filmplatfoarm New Noardic Wave.
It is in flinke opstekker, sa oan de foarjûn fan it Noordelijk Film Festival dat woansdei úteinset. De filmwrâld is no noch bot rjochte op Amsterdam, mar dat moat mear ferdield wurde oer it hiele lân. Dêr is de kommende fjouwer jier yn totaal tolve miljoen euro beskikber foar. Wol is de pot mei jild net allinnich foar film, mar ek foar muzyk bedoeld.
Joris Hoebe, fan it noardlik filmplatfoarm New Noardic Wave, leit út wêrom't it sa wichtich is. "Mensen en makers uit de regio willen verhalen waarin ze zichzelf herkennen, terug kunnen zien op het scherm."
Dat miste Hoebe. "Dat is de afgelopen vijftig jaar, of misschien wel langer, bijna niet het geval geweest, want veel speelt zich af in en rond Amsterdam. Daarnaast is er een tekort aan talent, crew en verhalen. Het is echt nodig om buiten Hilversum en Amsterdam te gaan kijken."

Talint ûntwikkelje

It is de bedoeling dat mei it jild projekten en ideeën ûntwikkele wurde dy't dan in ferfolch krije kinne by it Filmfonds en by streamers sa as Netflix. "Er is hier veel talent. Zo zijn er Friese makers die in Amsterdam wonen, maar hier graag verhalen willen vertellen. Ik denk dat het de komende jaren erg interessant wordt om dit echt te gaan doen."
De film Strijder fan Job Tichelman © Strijder
Ien fan dy makkers is Job Tichelman, dy't grutbrocht is yn Kûbaard, mar yn Amsterdam wennet.
Tichelman hat de dokumintêre 'Mevrouw Faber' makke. Dat giet oer in trucker út Easterlittens dy't frou wurdt. Fierder hat er de film 'Strijder' skreaun, dy't dit jier te sjen is op it Noordelijk Film Festival en de publykspriis wûn hat by it Cinekid Festival.
It Noordelijk Film Festival yn 2021 © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Tichelman wennet bewust yn Amsterdam. "Daar zitten alle producenten en ik heb er inmiddels ook mijn netwerk opgebouwd. Ik zou heel graag een dramaserie willen schrijven die zich in Fryslân afspeelt. Dan is het ook handig als je meer een netwerk in Fryslân hebt."

Stimulâns foar ferskaat

It meitsjen fan dy dramasearje komt miskien wol in stap tichterby mei it jild dat nei film yn de regio giet. Los dêrfan tinkt Tichelman dat de lanlike stimulâns de fariaasje yn de filmwrâld te'n goede komt.
Joris Hoebe fan filmplatfoarm New Nordic Wave
"Ik heb het idee dat landelijk de nadruk de laatste tijd erg op diversiteit en inclusiviteit ligt en dan met name huidskleur, afkomst en genderidentiteit", seit Tichelman. "Veel minder op de talloze identiteiten die geworteld zijn in de regio."

Provinsje, toan ambysje

Neffens Hoebe is it no tiid dat ek regionale oerheden gruttere ambysjes toane. "De provincie Fryslân is goed bezig en loopt landelijk voorop, maar met deze landelijke steun is het nu tijd om nog meer ambitie te laten zien. Dat kan financieel zijn, maar ook in de lobby, het netwerken of het warm maken van vermogende partijen die in Fryslân al veel geld in cultuur investeren."
Deputearre Sietske Poepjes © Omrop Fryslân
Deputearre fan kultuer Sietske Poepjes lit witte dat de provinsje ferskate stimulearringsregelingen hat foar film. Mar de fraach oft en hoe't de provinsje mear oan film dwaan wol, leit by de Provinsjale Steaten dy't foar 2024 in nij kultuerbelied fêststelle sille.
Yn maart 2023 binne der Steateferkiezingen, dêrnei sil der mear dúdlik oer wurde oft de ambysje omheech geane.
Je kunt het vergelijken met de vooravond van culturele hoofdstad. Iedereen was sceptisch, maar het is gewoon gebeurd.
Joris Hoebe
Hoebe hat der alle betrouwen yn. "Hollywood aan het Wad, ik geloof erin. Je kunt het vergelijken met de vooravond van culturele hoofdstad. Iedereen was sceptisch, maar het is gewoon gebeurd. In die fase zitten we nu ook, dat het kan gebeuren, maar dan moeten we er wel met zijn allen achter gaan staan."