Foarse ôfname yn tal boeten troch Fryske trajektkontrôles

De trajektkontrôle op de N381 © Omrop Fryslân
De trajektkontrôles op de N351 tusken Aldeberkeap en Nijeholtpea, en op de N381 tusken Drachten en Donkerbroek hawwe yn maaie oant septimber fan dit jier 19.975 boeten opsmiten.
Dat binne der 21,2 persint minder as in jier earder yn deselde perioade. Doe wienen it der 25.362. Dat docht bliken út sifers fan it Ministearje fan Justysje en Feilichheid.
De measte boeten waarden útdield by de trajektkontrôle tusken Drachten en Donkerbroek: 18.150. Tusken Aldeberkeap en Nijeholtpea wienen it der 1.825.

Flitspeallen

De trije Fryske flitspeallen trappearren 4.043 kear minsken op te hurd riden. Der waard 174 kear flitst fanwegen it troch it reade ljocht riden.
Twa flitspeallen steane op de Dammelaan yn Ljouwert en ien oan Het Noord yn Drachten. Dy lêste peal smiet mei 2.025 flitsen de measte boeten op.