FIDEO: Doelpuntemakkers Van Aken en Paulissen sjogge werom op lêste Fryske Derby

Van Aken en Paulissen sjogge werom op lêste Fryske Derby
Ien fan de moaiste Fryske derbys ea wie ferline seizoen. Mitchel Paulissen skoarde yn de 94e minút de winnende goal foar Cambuur. Tocht er. Twa minuten letter makke Joost van Aken de lykmakker: 3-3.
Mei de twa doelpuntemakkers sjogge we werom op derby fan 1 maaie 2022.
Omrop Fryslân docht snein wiidweidich ferslach fan de Fryske derby. It duel is te folgjen yn in liveblog op de app en Omropfryslan.nl en we binne der op de radio by fan 13.00 oant 18.00 oere, mei in foarbeskôging, yntegraal ferslach en weromsjen mei ús analisten.