Subsydzjepot foar fytshelm mei koarting moanne foar de ein al leech

Deputearre Avine Fokkens oerlanget in fytshelm © Fotobureau Hoge Noorden
De subsydzjepot wêrmei't Friezen fan 55 jier en âlder in fytshelm mei 25 euro koarting keapje koenen, is hielendal leech. Der hawwe 1.600 Friezen gebrûk makke fan de aksje. Dêrmei is de pot fan 40.000 euro leech.
De aksje waard mei help fan de provinsje organisearre troch de Stichting Bevordering Verkeerseducatie (SBV). De aksje soe yn prinsipe rinne oant 8 desimber, mar wurdt dus no al stopset.
"Ik vind het fantastisch dat zoveel Friezen van de actie gebruik hebben gemaakt en voortaan met een fietshelm de weg op gaan", seit deputearre Avine Fokkens. "En natuurlijk blijven we het gebruik van de fietshelm ook in de toekomst stimuleren. Zowel voor ouderen als voor jongeren."
"Ik denk dat het net het laatste zetje is om zoiets te doen" seit Marjolein van Eek fan Stichting Bevordering Verkeerseducatie oer de koartingsaksje. Dat tinkt ek Antoon de Vries fan Biketotaal, dy't ek oan de aksje meiwurket. "De korting zorgt ervoor dat ze het doen. Ik hoop dat ze de helm ook op zetten."
De stichting hopet takom jier de aksje te werheljen, al sil der earst noch offisjeel in evaluaasje folgje.