Earste Fryske derby foar Kees van Wonderen: "Het mag best schuren"

Sportcast mei Kees van Wonderen © Omrop Fryslân
It is in bysûndere wike foar it Fryske betelle fuotbal. Snein spylje sc Hearrenfean en SC Cambuur de derby en dêrfoar al, op freed, heart Andries Noppert oft er mei Oranje nei it WK giet.
By sc Hearrenfean kinne se de hiele wike talibje nei de Fryske derby fan snein. Dat is oars by SC Cambuur. Dat spilet tongersdei noch in útwedstriid tsjin Feyenoord.
Kees van Wonderen, de trainer fan sc Hearrenfean, tinkt net dat de Ljouwerters snein noch hinder hawwe fan dat duel mei Feyenoord. "De derby is een wedstrijd op zich, dan ben je die wedstrijd van donderdag weer vergeten", fertelt er yn de Sportcast.

Earste Fryske derby

Foar Van Wonderen wurdt it syn earste Fryske derby. Hy sjocht dernei út, ek al belibbet er in derby no oars as foarhinne. "Als speler voel je het nog intenser dan als trainer. Als trainer ben je het iets meer analyserend aan het begeleiden. En je relativeert de hete sfeer eromheen."
Dat er it mear relativearret, betsjut net dat Van Wonderen it as in gewoane wedstriid beskôget. "Het is prachtig om dat soort wedstrijden te spelen. Het mag best schuren."

Skoare tsjin Ajax

It is gjin derby, mar wol in wedstriid mei deselde gefoelens deromhinne: Feyenoord tsjin Ajax. As spiler fan de Rotterdammers makke Van Wonderen dy wedstriid mei. Sterker noch, it is ien fan syn hichtepunten. "In het jaar dat we kampioen werden, wonnen we van Ajax en scoorde ik de 1-1."
Dat momint ferjit er net gau wer. "Om in zo'n wedstrijd een belangrijke goal te maken, is een ultiem moment."
Hearrenfean is de favoryt foar de Fryske derby. Cambuur skoart muoisum, ferlear ôfrûne freed fan NEC en stiet ien-nei-lêste yn de earedivyzje.
Van Wonderen begrypt dat der soargen binne oer de Ljouwerters en harren posysje, mar neffens him moat dat net oerdreaun wurde. "Cruciaal is het nog lang niet. Daarvoor is het nog veel te vroeg."

Noppert nei it WK?

Freed wurdt dúdlik oft bûnscoach Louis van Gaal in plak yn syn WK-seleksje ynrommet foar Andries Noppert. Fansels hopet Van Wonderen dat de Jouster mei sil nei Katar. "Ik zou Andries meenemen. Het is bijzonder hoe hij zich nu laat zien", fertelt de Hearrenfean-trainer.
"Maar je hebt ook te maken met Justin Bijlow, die tegen Lazio het goed gedaan heeft", seit Van Wonderen oer in konkurrint fan Noppert. Nei alle gedachten sille der fjouwer keepers mei.
Neist Bijlow en Noppert binne Remko Pasveer (Ajax), Jasper Cillessen (NEC) en Mark Flekken (SC Freiburg) kânshawwers.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.
Van Wonderen docht it op dit stuit goed by Hearrenfean. Mar de link mei Feyenoord bliuwt ek altyd bestean. Hy spile acht jier by de Rotterdammers en syn namme wurdt geregeld neamd as takomstich trainer fan dy klup.
Mar de kâns dat Van Wonderen dat oait docht, is nei eigen sizzen hiel lyts. "Ik zie mezelf geen trainer worden bij Feyenoord. Je moet zoveel beheersen en er wordt zoveel van je gevraagd als je daar werkt. Ik denk niet dat ik daarin ga stappen."