Melkfeefokkers sjogge noch takomst yn feroarjend lânskip

Klaas Wietsma fan de organisaasje fan de keuring © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
In feest yn drege tiden, dêr't je even alle soargen ferjitte kinne. Sa omskriuwe besikers de grutte keuring fan Friesian Holstein-melkfee yn it WTC. Sneon wie de topdei mei mear as 2500 besikers.
It wie de earste kear yn jierren dat de keuring wer yn Ljouwert plakfûn. Earder wienen de IJsselhallen yn Zwolle de fêste lokaasje foar it evenemint. Neffens Klaas Wietsma fan de organisaasje is it WTC as lokaasje seker foar werhelling fetber en hy hat goeie hoop dat dit ek barre sil.
Fokkers Sytske en Mark van der Ploeg fan Wergea hawwe geniete fan it evenemint. "Dit is in stikje erkenning fan de feetylt en ek om de bûtenwrâld sjen te litten dat we der noch binne en hoe't we mei ús kij omgeane", seit Sytske.
Organisator Klaas Wietsma fan de feekeuring
Mark en Sytske van der Ploeg © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Se sjocht wol dat it stikstofprobleem en de mooglike krimp fan de feesteapel in útdaging foarmje. "Mar soms moatte je dingen even oan de kant sette en trochgean dêr't je mei dwaande binne."
Frou Van der Ploeg ergeret har wol oan de spotsjes fan bistewolwêzensorganisaasje Wakker Dier. De melkfeehâlderij wurdt dêryn te negatyf delset, fynt se. "Dêr wurd ik hiel lilk fan. Sy besykje ús wol yn in hiel swart deiljocht te setten. It is mar in lytse groep, mar dy krijt in hiel soad oandacht en dat is skande."
Sytske van der Ploeg: "Soms moatte je dingen even oan de kant sette en trochgean dêr't je mei dwaande binne"
Jaap Jacobi fan Garyp neamt de keuring "in fantastysk evenemint, dêr't de passy en de leafhawwerij fan ôfspat". Hy sjocht yn it feroarjende lânboulânskip noch hieltyd takomst foar de fokkerij en it Friesian Holstein-ras.
Fokker Jaap Jacobi fan Garyp © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Op syn eigen bedriuw melkt Jacobi sa'n 12.000 liter de ko. Neffens him kinne de Friesian Holstein-kij dat prima oan. "We hoege se net bot ekstra te pushen. Dat giet hiel natuerlik mei ús eigen rûchfoer en krêftfoer dat foar 70 prosint bestiet út ôffalprodukten."
Jacobi omskriuwt syn wurk as 'voedselprodusint', neffens him hat dat altyd takomst. "Mar it is de útdaging om dat op in wize te dwaan dy't maatskiplik en miljeutechnysk ferantwurde is."

Konsekwint belied

Jabobi trunet der by de polityk wol op oan om no einliks in kear mei helder en konsekwint belied te kommen foar bygelyks de oanpak fan it stikstofprobleem.
Dat liket no nearne op, fynt er. "It wurdt tiid dat de polityk keuzes makket en de sektor dúdlikheid jout, sadat we fierder kinne. Dan wolle wy ús bêste fuotsje foarsette om de problemen oan te pakken. Dêr binne we ûndernimmer foar en dêr draaie we ús hân net foar om."
Jaap Jacobi: "It is de útdaging om it op in wize te dwaan dy't maatskiplik en miljeutechnysk ferantwurde is"