Opnij pleit foar brede stikstofoanpak: "No dwaande mei panykfuotbal"

© ANP
Alle belutsen partijen moatte mei elkoar om de tafel om út de stikstofympasse te kommen dy't ûntstien is troch de útspraak fan de Raad van State ferline wike. Dêrfoar pleitet de fakwurkgroep Wenjen, Business en Agrarysk & Lanlik fan makeldersferiening NVM.
Troch de ferneatiging fan de boufrijstelling komme allerhande nijbou-, ferduorsumheids- en ynfrastrukturele projekten ta stilstân. De oplossing foar dit probleem moat út it lanlik gebiet komme. Mar dy mei der net allinnich foar stean.
Dêr soenen alle belutsen partijen mei-elkoar oer prate moatte, seit Jos Ebbers fan de NVM-fakgroep. "We wurde op it stuit gizele troch de koarte termyn", seit er. "Mar op de koarte termyn is der gjin goede oplossing mooglik foar de stikstofproblematyk."

Net ôfwike fan yntegrale oanpak

Hy fynt it net terjochte dat de fokus foar in grut part op de lânbou leit. "Men hat it benammen oer in lânbouplan, mar dat is panykfuotbal."
Ebbers wol dus dat alle partijen mei-elkoar prate en in oplossing foar de lange termyn fine. "Yn dit lân binne we hiel goed om problemen mei ús allen oan te pakken", seit er. Dat soe yn it stikstofdossier dus ek moatte. "We binne hjir wend om altyd yntegrale plannen te meitsjen. It liket my gjin goede saak om dêr no fan ôf te wiken."
Ferline jier kamen ferskate sektoaren ek al mei 'de oplossing' foar de stikstofproblematyk. Natuurmonumenten, Natuur & Milieu, LTO Nederland, VNO-NCW, MKB-Nederland en Bouwend Nederland kamen mei foarstellen dy't derfoar soargje moasten dat de stikstofútstjit yn 2030 sa'n 40 prosint leger leit.
Yn it koälysje-akkoart fan it kabinet-Rutte IV is it plan net meinaam. De plannen fan de regearing binne benammen basearre op it earste stikstofrapport fan de kommisje-Remkes.
Op de koarte termyn sille guon sektoaren troffen wurde, seit Ebbers. "Dy moatte je wol perspektyf biede foar de middellange termyn. We moatte ek foarkomme dat de lânbousektor der allinnich foar komt te stean."
Fan alle sektoaren is de lânbou wol de sektor mei de measte stikstofútstjit. Mar de skuld moat dêrfan net by dy sektor lizze, as it oan Ebbers leit. "It falt se net te ferwiten dat se yn it ferline de romte pakt ha dy't se takaam."