"Friezen binne te beskieden en moatte grutsker wêze op eigen taal"

© Auke Zeldenrust, Omrop Fryslân
Friezen binne te beskieden en moatte grutsker wêze op harren eigen taal. Dat seit bestjoerskundige Heinrich Winter. Hy fynt dat Friezen sels hurder op de trom slaan moatte.
Winter die syn útspraken sneon op in gearkomste fan DINGtiid, it advysorgaan foar oerheden oer de Fryske taal. Dy dei wie it op de kop ôf tritich jier ferlyn dat Nederlân it 'Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden' ûndertekene.
It Hânfêst is it fûnemint ûnder it gebrûk fan it Frysk yn bygelyks ûnderwiis, rjochtbank en de iepenbiere romte.
Lang net altyd wurdt foldien oan de easken fan it Hânfêst, seit Winter. "Zo is er nog steeds een tekort aan officieren van justitie en rechters die het Fries beheersen."
Heinrich Winter op de lêzing fan DINGtiid © Auke Zeldenrust, Omrop Fryslân
Winter seit dat de Friezen sels op de trom slaan moatte yn Den Haag. Want as it yn de provinsje stil bliuwt, dan docht it Ryk neat. "Het is de vraag of aan de zijde van het rijk voldoende bewustzijn, sensitiviteit en respect bestaat voor het feit dat Nederland een meertalig land is en dat het Fries een bijzondere positie toekomt."

Twadde Keamer-kommisje Fryske taal

Boppedat binne der neffens Winter te min amtners dy't har dwaande hâlde mei de Fryske taal. "En er is veel wisseling onder ambtenaren, zodat de mensen uit Fryslân steeds opnieuw moeten uitleggen hoe het zit met het dossier Fries."
Om Den Haag mear te belûken by it belang fan de Fryske taal soe de Twadde Keamer ris gearkomme moatte yn Fryslân, seit Winter. "Dat zou wellicht alleen al goed zijn om het gevoel wat weg te nemen dat bij velen leeft dat Den Haag wel erg ver af staat van de rest van het land."
Winter soe it in goeie saak fine dat der in spesjale Twadde Keamer-kommisje Fryske taal komt. Dy kommisje soe dan mei de Fryske bestjoerders en Provinsjale Steaten oerlizze kinne oer de stân fan saken.