It lêste optreden fan Hessel & Tess: "Skylge rekket in ambassadeur kwyt"

Hessel & Tess yn de Amsterdamske Ziggo Dome yn 2017 © ANP
It alderlêste optreden fan Hessel & Tess: sneintejûn is it dan safier, yn harren eigen kafee De Groene Weide op Skylge. It duo is in begryp op it eilân en fier dêrbûten. Wat betsjut it ophâlden foar Skylge en wat wie Hessel syn plak yn de Nederlânske muzykwrâld?
Hessel van der Kooij set nei mear as 50 jier in punt efter syn sjongkarriêre. Dêrfan stie er sa'n 25 jier mei syn dochter Tess op de planken. Fanwege stimproblemen by Tess hat it duo besletten om net mear op te treden.
"Ik merkte al een tijdje dat de spanning waar wij en heel veel horecaondernemers al drie jaar mee te maken hebben op een gegeven moment toch op mijn stem is gaan zitten", fertelde Tess yn septimber, doe't se it nijs bekendmakken.
Trochgean is neffens it duo fanwege medyske redenen gjin opsje en sa komt der nei mear as 12.500 optredens yn De Groene Weide in ein oan de konserten.
Hessel yn syn kafee De Groene Weide © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Piet Noordenbos fan Skylge hie mei de optredens yn it kafee net in soad út te stean, fertelt er, mar die mei Hessel wol altyd de organisaasje fan de konserten op de fêste wâl. "We ha dêr sels in bv foar oprjochte", seit de eardere buorjonge fan de sjonger.
Dat it duo ophâldt, sil grif ynfloed ha op it toerisme op it eilân, tinkt Noordenbos. "Ik sis altyd dat der trije grutte ambassadeurs fan Skylge binne: Camping Appelhof, Joop Mulder fan Oerol en Hessel. Sy wiene de stichters fan it toerisme op Skylge."
Hessel en De Groene Weide zijn onlosmakelijk met elkaar verbonden.
Arjan Boxelaar
Hessel lûkt altyd in soad eilanners en toeristen nei syn kafee, fertelt Arjan Boxelaar, dy't fiif jier lyn mei Hessel it lokale kanaal Terschelling TV oprjochte. It kafee makke fan it stille doarp Hoarne op de eastkant fan Skylge yn de wykeinen in útgeanssintrum. Der gie sels spesjaal in nachtbus riden.
"Hessel en De Groene Weide zijn onlosmakelijk met elkaar verbonden", seit Boxelaar. It kafee hat ek in sosjale funksje. "De deur staat altijd open en iedereen kan er terecht. Het hoort bij het dorp en dat valt voor een deel weg nu de optredens wegvallen."

Lanlike trochbraak

Hessel bruts yn 1985 nasjonaal troch mei it nûmer Terug naar Terschelling en belibbe syn populêrste perioade ein jierren '80 en begjin jierren '90. Syn earste grutte konsert wie yn 1989 yn sporthal De Trije yn Frjentsjer. Dêr koene 5.000 minsken yn.
"It grutste aventoer en in sprong yn it tsjuster", fertelt Noordenbos. "Ek finansjeel, want miskien kaam der gjin kyp." Dat bliek bot ta te fallen. Yn in pear dagen wie it konsert útferkocht.
Yn 1991 spile Hessel syn bekendste nûmer yn in útferkocht Ahoy:
Dêrnei folgen mear grutte konserten. Yn 1991 stie Hessel twa kear yn in útferkocht Ahoy (10.000 minsken de konsert) en in jier letter yn in grôtfol Thialf op It Hearrenfean (15.000 minsken). "Dat wie de grutste en yngewikkeldste, mar miskien ek wol de leukste", seit Noordenbos. "It wie in iisbaan en gjin konserthal. We moasten de hiele iisflier ôfdekke en mochten neat ophingje."

Ambassadeur

Hessel wie yn 1991 de earste 'ambassadeur van de vrijheid' by de befrijingsfestivals. No bart it al mear as tritich jier mei artysten op Befrijingsdei, mar doe hie hy sels regele dat de loftmacht him mei in helikopter fan festival nei festival fleach.
De eilanner sjonger regele alles sels en dat makke him neffens Boxelaar ta in unyk artyst yn it Nederlânske muzyklânskip. "Hij wilde zelf alles in eigen hand houden en zo min mogelijk afhankelijk zijn van platenmaatschappijen." By syn útferkochte konserten yn Ahoy ferkocht er sels syn eigen bier en naam er eilanner personiel mei. "Dan stond daar het halve eiland."
Hy wie syn publyk trou, mar sette himsels op dy wize eins bûtenspul.
Piet Noordenbos
Yn de Nederlânske muzykwrâld hat Hessel altyd in bûtensteander west, seit Noordenbos. "Hy wie net yn te hieren, koest him net boeke. Hy die wol praatprogramma's, mar wie net yn muzykshows. Dat woe hy net. Hy fûn dat er yn it wykein yn de kroech wêze moast, foar de minsken dy't foar him kamen. Hy wie syn publyk trou, mar sette himsels op dy wize eins bûtenspul."
Der hie nei alle gedachten folle mear yn sitten foar Hessel, tinkt Boxelaar. "Maar dan had hij een stuk van zijn Terschellinger gevoel moeten loslaten. Dat wilde hij niet."

Noch ien kear yn Ahoy

Twa jier lyn woene Hessel & Tess noch ien kear op in grut poadium knalle. Opnij yn Ahoy yn Rotterdam, 30 jier neidat Hessel foar it earst de Rotterdamske muzyktimpel plat spile.
It coronafirus smiet lykwols roet yn it iten. Op it lêste momint moast alles ôfsein wurde. "Dat wie in klap, foaral foar Hessel en Tess. Finansjeel, mar ek foaral in emosjonele klap", seit Noordenbos. It hat wol meispile dat se der no mei ophâlde, tinkt er, neist in soad oare gefolgen fan de coronakrisis. "De enerzjy is derút."
It lêste konsert fan Hessel & Tess yn De Groene Weide op Skylge is sneintejûn te sjen fia in livestream fan Terschelling TV.