Resinsje Bijke fan Pier 21: In kadootsje puer toaniel mei in hûn yn de haadrol

Henk te Biesebeek beskôget 'Bijke' © Omrop Fryslân
Fan it stik Bijke fan Pier 21 komme tsien ekstra foarstellingen. Fiif yn doarpshuzen en fiif foar mbû- en hbû-studinten. En dat net allinnich, omdat yn it stik it aktuele tema' iensumheid' sintraal stiet.
Benammen fansels omdat Bijke, spile troch Theun Plantinga en Joke Tjalsma, gewoan in prachtige foarstelling is. In kadootsje foar de leafhawwer fan puer toaniel. O ja, mei in hûn yn de haadrol.
Binne benammen âldere minsken dy't allinnich libje iensum? Ut ûndersyk docht bliken dat krekt jongerein har gauris iensum fiele en lêst hawwe fan depressiviteit. Eenzaam maar niet alleen wie de titel fan de memoires fan Wilhelmina, de eardere keninginne.
De tekst fan Bijke is skreaun troch Bouke Oldenhof. Agnes liket in iensume frou. Se wie ea troud mei in man dy't har ferlitten hat, omdat hy op mannen foel. Se wurke yn de biblioteek, mar waard op in knoffelige manier ûntslein, en hat no allinnich noch har hûntsje. Dat is genôch. Mei it doarp dêr't se wennet, hat se fierder gjin bemuoienis.

Glitternicht

René is har buorman. Hy wennet tegearre mei syn partner, de fotograaf Hans, en lit him delsette as de frivoale glitternicht. Hielendal happy as middelpunt fan feesten en partijen.
Joke Tjalsma as Agnes mei har eigen hûntsje as Bijke © Natalia Balanina
As hy op in dei Agnes langút oer de flier yn har hûs lizzen sjocht, slacht er alarm. Agnes hat in beroerte en moat opnommen wurde. René krijt de soarch oer har hûn. Stadichoan ûntstiet tusken beide persoanen in bân.
Bouke Oldenhof hat der fiif jier oer dien om dit ferhaal op papier te krijen. En noch wie it net goed genôch. Regisseur Jos Thie stjoerde him mear as tachtich kear werom nei de skriuwtafel. Ek op oantrúnjen fan Tjalsma, omdat Oldenhof har wurden sizze litte woe dy't in frou nea út har mûle krije soe.

Trefseker

Oldenhof skraste trijekwart fan alle dialogen en lit Agnes en René no benammen yn monologen mei-inoar kommunisearje. It resultaat is ferbluffend. De wurden binne trefseker keazen.
Theun, Joke en Bijke: Wa past op wa? © Natalia Balanina
Sa moai hoe't Agnes al refalidearjend weromsjocht op har libben. In bytsje bitter ek. Har buorman René, dy't krekt o sa gesellich liket, mei al syn feestjes en as middelpunt fan it selskip. Mar dy't úteinlik oan Agnes bekenne moat dat hy ek iensum is. In frjemde is yn syn eigen libben.

Flamboyant

Tjalsma en Plantinga hâlde yn har toanielspul mekoar moai fêst. Tille mekoar dêryn op nei in útsûnderlik heech nivo. Wêrby't benammen Tjalsma ymponearret mei har brekber en dochs krêftich aktearjen.
Moai, hoe't just it wat oerdwylske delsetten fan de flamboyante homo troch Plantinga har yn har spyljen noch moaier út 'e ferve komme lit. In bytsje spitich dat Plantinga bytiden wol hiel rap syn teksten útsprekt en dan net altyd like goed fersteanber is. Krekt oft syn boppegebit in bytsje los yn de mûle sit... Hawar.
Theun Plantinga as René, dy't de soarch foar Bijke krijt © Natalia Balanina
De moaiste rol yn Bijke is fansels foar it hûntsje sels. Yn werklikheid Joke Tjalsma har eigen hûn Bobby.
Bisten binne in risiko op it poadium, is de stelregel. Dy litte har nammentlik net regissearje. Mar Joke en Theun litte mei de help fan in soad koekjes it bistje krekt dwaan wat neffens it skript dien wurde moat.
Of is it oarsom? Oandwaanlik hoe't Bijke nei har baaske opsjocht as Agnes it publyk oer har pine fertelt. Hoe't it hûntsje dan nei de taskôgers sjocht mei grutte drôve eagen.
"Minsken, hearre jimme wol wat se seit? Wat har boadskip eins is?", en dan har kopke as treast op de skurte fan Agnes leit.
Iensum mar net allinnich © Natalia Balanina
It makket de tematyk fan de foarstelling minder swier. Iensumheid is fansels in beladen begryp, mar nearne wurdt de foarstelling dreech. Earder oandwaanlik en fertederjend. Neffens regisseur Jos Thie is dit de leafste foarstelling dy't er ea makke hat. Dat soe bêst ris sa wêze kinne.

Hoop

Prachtich hoe't Tjalsma en Plantinga úteinlik njonkeninoar op in bankje sitte. Mei it hûntsje tusken har yn. Oplossings foar iensumheid binne net fûn.
Mar Agnes en René jouwe it publyk wol hoop. Dat it úteinlik dochs goedkomme moat as we wat mear ominoar jouwe, wat mear each foarinoar hawwe. Dan giet it ljocht út. Sa't ik earder sei: Bijke is in kadootsje foar de leafhawwer fan puer toaniel!