Lichem fûn by Skylge, sykaksje wurdt útwreide

Rêdingboat de Arie Visser © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
De sykaksje op Skylge is opskaald nei't sneintemoarn in lichem oanspield is op it eilân. Leden fan it Search and Rescue-team binne ûnderweis nei it eilân om mei quads de strannen en de kust ôf te sykjen.
By de oanfarring tusken de Tiger en de wettertaksy op 21 oktober rekken twa persoanen fermist. Undersocht wurdt oft it lichem dat burgen is, fan ien fan de twa fermisten is.
Sneintemoarn om sân oere kaam der in melding dat der in lichem lizze soe yn de buert fan it Griene Strân. Nei de earste melding is de rêdingboat Arie Visser útfearn út om te sykjen.
Fierders waarden ferskate oare KNRM-skippen oproppen, ûnder oare bergingsskip de Skua. Mei in terreinauto fan de KNRM binne in tal plysjeminsken nei it plak fan de fynst brocht. De plysje moat formeel de deadsoarsaak fêststelle. It Griene Strân hat oant 11 oere ta ôfset west.
It lichem is mei de plysjeboat nei Harns brocht om dêrwei nei Drachten riden te wurden © CAMJO media
It lichem fan de persoan dy't fûn is, wurdt snein oerbrocht nei Drachten foar identifikaasje, fertelt boargemaster Caroline van de Pol fan Skylge. It fêststellen fan de identiteit fan it slachtoffer kin wol in dei of langer duorje, neffens de plysje. De boargemaster hat wol in idee wa't it lichem fûn hat, mar wol dêr no noch neat oer sizze.
Al sûnt de oanfarring op 21 oktober tusken de rappe boat de Tiger en de wettertaksy Stormloper yn it Skûtegat binne de helptsjinsten dwaande mei in syktocht nei in 12-jierrige jonge en in folwoeksen man. Twa oare minsken binne by dat ûngelok om it libben kaam.