Flyers mei simpele oerwinning yn 'e bûse op wei nei topper yn België

© Martin de Jong Fotografie
De UNIS Flyers ha freed yn eigen hûs in ienfâldige oerwinning boekt op de Zoetermeer Panters. Yn Thialf waard it 9-1 foar de Friezen.
Yn it BeNeLeague-duel, dat ek meitelt foar de bekerkompetysje, wie it al gau dúdlik dat de Flyers in stik sterker binne as de Panters. Dat wie neffens ferwachting, want de Flyers steane twadde, de Panters lêste.
Nei de earste perioade wie it al 4-0, nei treffers fan Henri Ruotsalainen, Jasper Nordemann, Justin van Baarsen en Lennart Vosmer. Dêrnei naam de thúsploech wat gas werom, want nei fjirtich minuten wie it 5-1, troch treffers fan Panter Jelle Kronenburg en Roope Nikkilä.
Yn de slotfaze makken de Flyers de foarsprong noch in stik grutter. Ruotsalainen (twa kear), Nordemann en Mike Collard skoarden noch.
De Flyers moatte sneon nei België foar de útwedstriid tsjin de Liège Bulldogs. Dat is in topper, want de Bulldogs binne koprinner.