Njoggen oertrêdingen by grutte kontrôle op grûntransport fûn

In trekker mei in karre © ANP
By in grutte kontrôle op it ôffieren fan grûn binne moandei njoggen oertredingen ûntdutsen yn Fryslân. Yn seis gefallen is der in proses-ferbaal opmakke.
Offal ferfiere mei allinne mei in fergunning. Sa moat foarkaam wurde dat fersmoarge grûn op plakken bedarret dêr't it net mei, bygelyks yn in boarterstún of in wenwyk.

Folget faker kontrôle

De grute aksje wie by Ljouwert, Drachten en It Hearrenfean. It wie in gearwurking tusken de plysje en tafersjochhâlders en boa's fan de provinsjale FUMO (Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing). Dy partijen wolle faker sokke kontrôles dwaan.
Der binne moandei 25 frachtweinen en trekkers kontrolearre oft der in fergunning wie en de ynhâld fan de wein itselde wie as fergund. Fieder waarden de sjauffeurs op har papieren kontrolearre.
Yn trije situaasjes wie in warskôging foldwaande, yn de oare gefallen is in proses-ferbaal tsjin de bedriuwen opmakke.