Sels de altyd fleurige Breij hat it lestich by Cambuur: "Daar kan ik heel eerlijk over zijn"

Michael Breij © Orange Pictures
Ien kear mocht Michael Breij dit seizoen yn de basis begjinne by SC Cambuur. Dat is te min yn syn eagen. Mar freed krijt de oanfallende middenfjilder wer in kâns yn de wedstriid tsjin NEC.
Syn lêste basisplak datearret fan 3 septimber yn de útwedstriid tsjin Ajax. Njoggen kear mocht er dit earedivyzjeseizoen ynfalle en ien kear bleau er oan 'e kant. "Ik heb het wel lastig met hoe mijn rol hier nu is. Daar kan ik heel eerlijk over zijn", seit Breij oan de ein fan it ynterview.
"Maar ik ben nog altijd de vrolijke 'Mikey'. Daar hoef je je geen zorgen over te maken", as de glimk wer op syn gesicht ferskynt. Want in soad reden om te laitsjen is der dus net foar Breij. It sit him dwers dat er mar amper yn aksje komt.

Ynfalbeurten

De iene kear mei er in kertierke meidwaan. Dan wer in healoerke. It hâldt net oer en dat frustrearret de 25-jierrige Breij. "Je moet ook aan je eigen carrière denken, los van dat ik het hier naar mijn zin heb. Je wilt spelen."
En dat mei Breij tsjin NEC dwaan, sa liket it op basis fan de lêste training. Net op syn favorite posysje fan oanfallende middenfjilder, mar as rjochtsbûten op it plak fan Silvester van der Water dy't nei de linkerkant ferhuzet. Felix Mambimbi sit op de bank.
It is foar Breij ôfwachtsjen wat er bringe kin as rjochtsbûten. "Heel eerlijk: ik weet niet hoe ik in vorm ben, want ik heb weinig gespeeld. Hopelijk kan ik assists en goals afleveren, zodat ik langer kan blijven staan."
Michael Breij oer syn sitewaasje by SC Cambuur
Miskien dat er nei de winterstop wol mear spyltiid krijt, as der in nije coach is. Sjors Ultee liket op 'pole-position' te lizzen om Henk de Jong te ferfangen. De spilersgroep lêst dy geroften ek, fertelt Breij. "Als er iets bekend is op internet, hebben we het er even over en maken we er een geintje over. Wij zijn ook benieuwd wie er gaat komen."
Om een beetje aan te haken, moet je deze gewoon winnen.
Michael Breij oer it duel mei NEC
It liket derop dat Cambuur de lêste trije wedstriden foar de winterstop, neist NEC is dat tsjin Feyenoord en sc Hearrenfean, noch ûnder lieding stiet fan ynterim-trainer Pascal Bosschaart. Neffens him hiene de Ljouwerters in goede trainingswike en binne se klear foar it duel mei de Nijmegenaren.

"Heel belangrijke potjes"

Dat moat ek wol, fernimt Breij. "Als je verliest, wordt het gat heel groot. Om een beetje aan te haken, moet je deze gewoon winnen. Als je nu wat punten pakt, ga je wat lekkerder de winterstop in en dan krijg je heel belangrijke potjes die je moet gaan winnen."
Nei de winterstop begjint Cambuur fuortendaliks mei wedstriden tsjin direkte konkurrinten as FC Volendam, FC Emmen en Sparta Rotterdam. Mar earst freed tsjin dy oare konkurrint, NEC.
De wedstriid tusken SC Cambuur en NEC begjint freedtejûn om acht oere. It duel is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma by Omrop Fryslân op 'e radio. Dat begjint om kertier foar achten. It kommentaar út it Cambuurstadion wei komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.