Undersyk nei sinnepanielen yn gebieten mei beskerme steds- en doarpsgesicht

Dakken binnenstêd Dokkum sa goed as sûnder sinnepanielen © RTV NOF, Ben de Jager
Der komt in ûndersyk om mooglikheden te finen yn it ferduorsumjen fan beskerme steds- en doarpsgesichten. In moasje yn de ried fan Noardeast-Fryslân fan S!N koe op unanime stipe fan alle partijen rekkenje.
Ynwenners fan ûnder oare de Dokkumer binnenstêd wolle al langer sinnepanielen op harren dakken oanlizze, mar troch in doalhôf oan regeljouwing is dat hast ûnmooglik.
Mark de Boer (S!N) oer it ferduorsumingsfraachstik
"Ek wy hawwe fernaam dat ynwenners fan beskerme doarpsgesichten as Holwert en Burdaard graach ferduorsumje wolle, al binne dy mooglikheden foar har bêst lyts", fertelt moasje-yntsjinner Mark de Boer fan de koälysjepartij.
"Wy hawwe út ús fyzje wei ek altyd sein: der moatte altyd mooglikheden wêze om te ferduorsumjen. As minsken dêr moeilikheden mei ûnderfine fanwegen strikte regels, moatte we sjen oft der ferrommingen mooglik binne."

'Grut dilemma'

Foar wethâlder Bert Koonstra is it in grut dilemma. "Oan de iene kant sizze je: wy wolle de âlde omjouwing yntakt hâlde. Oan de oare kant wolle je dêr duorsume enerzjy talitte kinne. Mar ja, hoe fine je dat? Dan moat der wol in 'gedegen' ûndersyk wêze. Wy moatte it wol goed oanfleane, want wy wolle ek in sterke en autentike gemeente wêze as Noardeast-Fryslan."

'Fergunning gau ôfwiisd'

Foar S!N en alle oare partijen is ek wol dúdlik dat it beskerme oansjoch net ynienen fol lizze moat mei sinnepanielen. "Dat hawwe wy eins ek fuort sein, mar wy hawwe wol begrepen yn petearen mei bepaalde organisaasjes en mei amtners dat der wol mooglikheden binne om de regeljouwing te ferromjen", seit De Boer.
"Do sjochst no dat sinnepanielen, of oare enerzjy-opwekjende maatregels net boppe it dak útstekke meie, ek net in lyts hoekje. Dan wurdt in fergunning al gau ôfwiisd. Dus op dat punt sjogge wy sels mooglikheden."
Wethouder Bert Koonstra oer it dilemma
Koonstra sjocht sels ek seker wol mooglikheden, allinnich is ek de personielskrapte by de gemeente oanwêzich. "It sil ekstern útset wurde moatte, dus ik moat in ferhaal ha, in planning ha en ik moat ek jild hawwe. Dat haw ik mei dizze moasje noch net meikrigen."
It is in tige wichtich ûnderwerp wat Koonstra oanbelanget en dêr moat soarchfâldich mei omgien wurde. De wolstânnota yn in pear wiken oanpasse is yn alle gefallen gjin opsje. "Dat is folle yngrevener. Dêr gean wiken en wiken oerhinne. As wy dat allegear oanpasse wolle, moat it op besjen komme te lizzen, dêr moat ek wer de goeie minsken op set wurde. Dêr sit ek wer in bepaalde tiidsdruk op. Jo kinne der yn alle gefallen net yn om begjinne te krassen."
De moasje waard riedsbreed oannaam, it wurk is no oan de wethâlder mei de amtners. "Oer in wike as trije, fjouwer, kom ik mei in ûndersyksfoarstel werom by de ried. Dêrnei folget in tiidspaad", beslút Koonstra.