Toanielferiening Halbertsma út Wergea is al 150 jier in begryp

Janny en Wytze Veenstra © Omrop Fryslân
Toanielferiening Halbertsma út Wergea bestiet 150 jier. It selskip is yn 1872 neamd nei Eeltsje Halbertsma, de bekende dokter en skriuwer. De toanielklup groeide út ta ien fan de ferneamdsten fan Fryslân.
"Ik fyn it wol wat gemien dat wy mar ien foto útsykje meie", seit Wytze Veenstra mei in gniis. Hy stiet mei syn frou Janny foar in lange tafel yn De Bidler, in tsjerke yn Wergea. Op de tafel lizze tsientallen foto's oer de skiednis fan Halbertsma.

Toanielfedetten

"Sy binne allegearre like moai, mei in eigen ferhaal." Wytze en Janny binne yntusken mei pensjoen, mar sieten jierren by de klup. Wytze spile tsien jier by de klup mei.
"Persoanlik haw ik it gelok hân dat sy my frege hawwe," seit Veenstra. "Ik bin nammentlik net ien dy't samar earne op ôfstapt. Nei't sy my frege hiene, wie ik fuortendaalks entûsjast. It hat my gjin sekonde ôffallen, want it wie it moaiste dat der is. Je stappe efkes in oare wrâld binnen hè."
By toanielferiening Halbertsma yn Wergea
Toanielferiening Halbertsma Wergea
Wytze hâldt efkes op fan praten as syn frou mei in foto oanrinnen komt. "Dit is tink ik ien fan de moaiste foto's," seit Janny. "Je sjogge de hiele klup byinoar op it poadium. Ik tink dat dit earne yn de jierren 90 west hat, want Wytze stiet der tusken yn mei syn grutte gniis."

Tekst flústerje

Janny hat altyd de stipe foar de akteurs west efter de skerms. Sy lies de stikken foar as de akteurs har tekst fergetten wiene.
"Ynstekke neame sy dat yn faktermen. Dat wie it moaiste fan myn wurk. Ik koe eltsenien helpe as sy it net mear wisten. Dat wie ek gauris nedich, want der wiene in soad by dy't in tekst net goed diene. Ik ha ek wolris minsken hân dy't in folsleine black-out krigen. Mar aldergeloks kaam it altyd wol wer goed."
Ien fan de âlde foto's fan de klup © Omrop Fryslân
Net allinnich op it toaniel gie it altyd goed, mar ek by de klup sels wie der in soad libben. "Dat komt door onze jeugdafdeling denk ik," seit foarsitter Wietske Velde.

Op nei de folgjende 150 jier

"We zetten heel erg in op jongeren en dat heeft er altijd voor gezorgd dat de aanwas blijft. Oud-leden die zelf kinderen krijgen sturen hun kroost dan ook naar onze club. Zelf was ik veertien toen ik met het toneel in aanraking kwam. Nu ben ik de voorzitter, dus dan zie je dat er wel verbondenheid is."
It toaniel © Omrop Fryslân
Velde hopet dat fêst te hâlden. "En hopelijk krijgen we er nog 150 jaar bij. Maar eerst nog ons eigen jubileum."

Reüny

Om't de feriening al sa lang bestiet, is der freedtemiddei in grutte reüny fan âld-leden, donateurs, akteurs en regisseurs. Der komme nei alle gedachten sa'n hûndert minsken op ôf. Dêrnei is der in spesjale útfiering fan it stik 'It Skiep'. Dat is in parody op de searje 'Het schaap met de Vijf Poten.'