De ûnbetwingbere ûnrêst fan multy-ynstrumintalist Hubert Heeringa

Ljouwerter Hubert Heeringa fljocht alle wiken fan projekt nei projekt. Oeral wolle se in berop dwaan op syn talint. En dat past him goed. Want yn in fêste band hâldt dizze rêsteleaze muzikant it net fol.
André Hazes, Willeke Alberti, Harry Muskee en Herman Brood; it is mar in greep út de grabbeltonne fan Hollânsk gloarje dy't er begelate. Ek yn it bûtenlân hat Heeringa flink oan de dyk timmere. Allinnich duorre de tiid mei oare muzikanten nea lang. Wat dat oanbelanget, is der neat feroare. Want ek no is der altyd wol wer in nij projekt dat him lûkt.

Fanatike mem

Sa aktyf as Heeringa no is mei syn grôtfolle wurkwike, sa'n bytsje die hy as puber. Hy wie nei eigen sizzen lui, hy hie net in soad by de ein. Mar dêr kaam stadichoan feroaring yn troch de muzyk, fertelt er op besite by Noardewyn. Syn mem wie lykas syn heit muzikant. Se wie orkestmaster en altyd yn it spier mei toanen, timing en alle oare komponinten dy't mei muzyk ferbûn binne.
"Us mem spile fioele. Op in bepaald stuit krige ik der ek ien ûnder myn kin. Se joech my les en siet der boppe-op. Sels as ik boppe spile en sy ûnder wie, harke se mei. Dan krige ik ynienen tips taroppen. Ja, dat wie wol wat benauwend, haha."

Betsjoend troch de saksofoan

Nei in skoft begûn de fioele him te ferfelen. Al gau waard syn oandacht lutsen troch in oar ynstrumint. "Ik wit noch goed dat op in dei in nûmer fan Michael Franks foarby kaam. It lûd fan dy saksofoan... Dêrfoar hearde ik eins allinne klassyk. Mar by dat liet wist ik fuort: mei dit ynstrumint wol ik oan de slach. Dus ik haw fuort oan ús heit frege oft ik saksofoan spylje mocht."
It fersyk waard ynwillige. Mar: "Ik moast fioele spyljen bliuwe. Dat fûn ik prima. Al hie ik allinne mar omtinken foar it kofferke njonken myn bêd. Dêr siet myn saks yn."
It is by my krekt as by in leadjitter. Dy docht syn taak en giet wer fierder nei de folgjende put.
Hubert Heeringa bliuwt net lang by deselde minsken
Yn de jierren dy't folgen biet er him fierder fêst yn de muzyk. Heeringa liet him kenne as ien fan de bêste multy-ynstrumintalisten fan Nederlân. Hy fûstke mei de grutte nammen. Dat die en docht er graach, mar fan lange doer is it nea. Bewust. Hy sketst in wat ûntnochterjend byld, frij fan romantyk. "It is krekt as by in leadjitter. Dy docht syn taak en giet wer fierder nei de folgjende put. Sa giet it by my ek."

Toere troch Amearika

En ek fan syn toeren troch Amearika mei de Greg Howard Band makket er net mear as it wie. Trije kear reizge er der rûn. "Amearika hat net hiel wichtich west foar myn ûntwikkeling. Ik like it boppedat al in bytsje te kennen, troch al dy tv-searjes en films. As rinne je der troch it dekôr", fertelt er.
"Fansels is it moai om dêr yn in kafee in Budweiser te bestellen. Plus do bist echt as muzikant op paad. On the road. Mar úteinlik dogge je dêr op it poadium presys itselde as yn in doarpshûs yn Fryslân."
As ik moarn in miljoen winne soe, sette ik myn ynstruminten op Marktplaats.
Muzyk meitsjen is wurk foar Hubert Heeringa
Heeringa sjocht muzyk meitsjen earder as wurk as syn hobby. "Muzyk is wichtich. Lit dat dúdlik wêze. By in kremaasje, feestje, film, ast down bist: muzyk jout ekstra lading. En by minsken dy't demint binne, iepenet it ynienen doarkes", seit er. "Mar as ik moarn in miljoen winne soe, sette ik myn ynstruminten op Marktplaats."
Dúdlik is dat er foaral in wearze tsjin werhelling hat. Repetearjen fynt er neat, en mei meardere kearen itselde nûmer spylje makkest him likemin bliid: "Nim sa'n Mart Hoogkamer. As er letter 70 is, sit er noch altyd fêst oan dat 'zwemmen in bacardi lemon'. Of de Stones. Alle kearen wer 'I can't get no satisfaction' foar de minsken sjonge. Do moatst der mar oer kinne."

Grôtfolle muzykaginda

Heeringa set alle wiken op tal fan plakken syn ynstrumint oan de mûle. De projekten bliuwe mar kommen. Sa docht er de kommende dagen de blaaspartij foar De Toppers, giet er oan de slach mei Syb van der Ploeg foar The Stones vs. Beatles Battle en hâldt er him dwaande mei in programma fan Nick en Simon oer Simon and Garfunkel. Boppedat studearret er klarinet. "En dêrtuskenyn noch wat oare losse putsjes."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1 op 1 petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it YouTube. Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Oer wat er úteinlik it leafst docht yn de muzykwrâld tinkt er efkes nei. "Yn myn studio yn Ljouwert sitte. In lyts hokje mei foto's fan heit, mem, en de bern. Ja, de thúsklussen, dy binne it noflikst. En dan in kop kofje mei myn frou."

Top 4 fan Hubert Heeringa

Artyst Nûmer
Marc Jordan Lost in the Hurrah
Paul Buchanan Let's go out Tonight
David Bowie This is not America
Paul Anka It's a Sin