Buma: beslút oer opfanglokaasje by fleanbasis moat no oer de ynhâld gean

Sybrand Buma, boargemaster fan Ljouwert © ANP
Boargemaster Buma fan Ljouwert hopet dat de brief fan Definsje derfoar soarget dat de ried no in helder beslút nimme kin oer wol of gjin opfanglokaasje foar asylsikers op de fleanbasis. Definsje hie earst beswier, mar no net mear.
Benammen de lûdsoerlêst fan de fleanbasis wie foar Definsje in mooglik knyppunt. Dat lûd soe te bot wêze kinne foar de bewenners fan de opfanglokaasje.
Dy soargen binne foar Definsje no fuortnaam. Steatssekretaris Van der Maat seit dat it gjin knyppunt hoecht te wêzen, omdat de lokaasje net falt binnen de "geluidscontouren die bepalen waar geen woningbouw is toegestaan om omwonenden te beschermen tegen overmatig geluid van overkomende toestellen".
In part fan de opfanglokaasje soe wol binnen dy 'lûdskontoeren' falle kinne, mar dêr is neffens Buma ek wol in oplossing foar te betinken. "Er is een regeling om daarvan te kunnen afwijken. Die regeling wordt heel vaak toegepast bij nieuwbouw. Mogelijk moeten we daar nu ook gebruik van maken."

Oan de ried

De bal leit no by de gemeenteried fan Ljouwert, seit Buma. De ried moat beslute oft se wolle oft der in opfanglokaasje komt op dy lokaasje, it terrein fan it eardere túnsintrum Tuin oan de Troelstrawei.
"Als college hebben we altijd gezegd dat we geen andere locatie voor ogen zien", seit Buma. "Dit is wat ons betreft de locatie waar we op uitkomen. Ik wil graag dat we nu op de inhoud verder kunnen en dat de raad naar de inhoud kijkt: is het verantwoord of niet?"
De gemeenteried oer de opfang yn Ljouwert
Oant no ta hat de ynhâld yn de diskusje net foaropstien, neffens Buma. It gong benammen oer it proses hoe't de lokaasje oan de Troelstrawei nei foaren kaam is.
As de ried akkoart giet, dan sil de gemeente yn petear mei omwenners. Dy ha ek soargen oer it lûd fan de fleanbasis, benammen omdat dat traumatysk wêze kinne soe foar de flechtlingen. "Ik waardeer het dat ze zeggen dat we daar goed op moeten letten", seit Buma. "Het is aan ons en het COA om die zorgen een plek te geven."
Dat wol Buma dwaan troch yn petear te gean, "maar het is in ieder geval in overeenstemming met de regels om daar te gaan bouwen."

"Forse consequenties"

It COA tinkt ek goed om sokke omstannichheden by it pleatsen fan flechtlingen. Buma: "Ze letten goed op wie waar terechtkomt. Lang niet alle vluchtelingen vluchten voor oorlog, laat staan voor oorlog met dit geluid. Het is niet aan mij te zeggen dat dit een onoverkomelijke horde is."
Mocht de ried net akkoart gean mei de opfanglokaasje op it terrein oan de Troelstrawei, hat dat neffens de boargemaster "forse consequenties". Neffens Buma kinne je net oan de iene kant sizze dat it freeslik is dat flechtlingen yn Ter Apel yn it gers sliepe, mar oan de oare kant net je ferantwurdlikheid nimme.
Woansdeitejûn praat de raad oer de opfang. "Het zullen vooral veel informatieve vragen zijn", seit Buma. "En volgende week is er weer een debat. Als college geven we zo goed mogelijk antwoorden. Uiteindelijk is het aan de raad."