Omrop Fryslân bringt NOS Nieuws van de Week: wykliks nijs yn begryplike taal

Omrop Fryslân stjoert fan tongersdei 3 novimber ôf it NOS Nieuws van de Week út op telefyzje. It is in wykliks sjoernaal yn maklike taal en mei ekstra útlis.
It sjoernaal is benammen geskikt foar minsken dy't muoite hawwe om it nijs te folgjen. Mei yngong fan moarn is NOS Nieuws van de Week eltse tongersdei om 19.30 oere te sjen by Omrop Fryslân. Op freedtemoarn wurdt it programma werhelle. Dêrneist stiet it sjoernaal alle woansdeis om 17.00 oere op it YouTube-kanaal fan de NOS.
Yn it sjoernaal wurde trije nijsûnderwerpen bepraat fan de ôfrûne wike. De nijsútstjoering duorret tsien minuten, wêrby't de nijslêzer ienfâldige taal brûkt en komplekse wurden útleit. Dêrneist wurdt der rekken hâlden mei it tempo, de toan en it byldgebrûk. It sjoernaal wurdt presintearre troch presintatoaren fan it NOS-sjoernaal.
Regionale omroppen in wichtige nijsboarne
Yn Nederlân binne der 2,5 miljoen minsken dy't muoite hawwe mei lêzen, skriuwen en/of rekkenjen.
"Ut ûndersyk docht bliken dat minsken dy't muoite ha mei it begripen en lêzen fan it Nederlânsk de telefyzje brûke as wichtichste nijsboarne. Ek de regionale omroppen binne in wichtich nijskanaal foar dy groep. Dêrom hat Omrop Fryslân besletten dit sjoernaal fan de NOS ek út te stjoeren", sa seit Ingrid Spijkers, haadredakteur van Omrop Fryslân.
"Ut ûndersyk docht bliken dat minsken dy't muoite ha mei it begripen en lêzen fan it Nederlânsk de telefyzje brûke as wichtichste nijsboarne. Ek de regionale omroppen binne in wichtich nijskanaal foar dy groep. Dêrom hat Omrop Fryslân besletten dit sjoernaal fan de NOS ek út te stjoeren", sa seit Ingrid Spijkers, haadredakteur van Omrop Fryslân.
It is in Nederlânsktalich programma en Omrop Fryslân lit dat ek sa. "As it giet om it begripen fan yngewikkelde ûnderwerpen, hat it gjin doel om de programma's yn it Frysk yn te sprekken of te ûndertiteljen. Dat komt it doel net te'n goede."
It NOS Nieuws van de Week begûn as eksperimint yn novimber 2021. Earst wie it sjoernaal allinnich op YouTube te besjen. Yntusken binne der ferskate lokale en regionale omroppen dy't it sjoernaal útstjoere.
Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Publyk: publyk@omropfryslan.nl of (058) 229 78 76.
It folsleine parseberjocht is hjir te downloaden.