Nije enkête moat dúdlikheid jaan oer takomst De Skâns op De Gordyk

De Skâns op De Gordyk © Google Street View
De takomst fan it multyfunksjoneel sintrum de Skâns op De Gordyk is al jierrenlang ûnderwerp fan diskusje. In nije enkête moat no dúdlikheid jaan oer wat it doarp foar eagen hat mei it sintrum.
It is net de earste kear dat der in enkête oer it multyfunksjoneel sintrum holden wurdt, fertelt Jan Sybrandy fan Pleatslik Belang. "Wy dogge dit omdat wy perfoarst witte wolle hoe't De Gordyk hjiroer tinkt. De earste kear ha wy dat wat ûnprofesjoneel dien, dit kear dogge we dat folle breder."
De nije enkête moatte foaral mear reaksjes opsmite as de earste. "Wy wolle sa'n tsien prosint fan de ynwenners fan De Gordyk ha, dan ha je in stekproef. It moaiste soe it wêze as der ek noch in sprieding fan leeftiden yn sit sa't je fan in represintative stekproef sprekke kinne."

Fragen oer De Skâns

Neffens Sybrandy binne der ferskate fragen dy't beäntwurde wurde moatte, lykas hoe't it sintrum ynfolle wurde moat en oft it sintrum op itselde plak bliuwe moat, of earne oars komme moat. Wat foar him fêststiet, is dat De Skâns wichtich is foar it doarp.
De enkête moat ynsicht jaan yn wat it doarp foar eagen hat, seit Sybrandy. Hy hopet dêrom dat der safolle mooglik reaksjes komme. "Dêrneist is der fansels it finansjele kader, mar dêr geane wy net oer. Dat is oan de ried."