Definsje lûkt beswier yn tsjin opfanglokaasje asylsikers neist fleanbasis Ljouwert

Fleanbasis Ljouwert © Omrop Fryslân
It ministearje fan Definsje hat gjin beswier mear tsjin in Regionale Opfanglokaasje (ROL) foar asylsikers neist de fleanbasis yn Ljouwert. Dat skriuwt steatssekretaris Van der Maat fan Definsje yn in brief oan boargemaster Buma fan Ljouwert.
Van der Maat skriuwt de brief ek út namme fan steatssekretaris Van der Burg fan Justysje en Feilichheid.
De gemeente Ljouwert wol 450 flechtlingen opfange op it terrein fan it eardere túnsintrum Tuin, oan de P.J. Troelstrawei, flakby de fleanbasis. Omwenners en Definsje sprutsen harren soargen út oer de lokaasje: in opfang yn de buert fan in militêr fleanfjild soe traumatysk foar flechtlingen wêze kinne.

Lûdsoerlêst

Definsje seach benammen de lûdsoerlêst foar de bewenners as knyppunt. No docht neffens Van der Maat bliken dat lûd fan fleantugen yn de loft gjin knyppunt hoecht te wêzen, om't de lokaasje net falt binnen de "geluidscontouren die bepalen waar geen woningbouw is toegestaan om omwonenden te beschermen tegen overmatig geluid van overkomende toestellen."
Lûdsoerlêst fan fleantugen oan de grûn wurdt noch ûndersocht, mar ek dat soe oplost wurde kinne, stiet in de brief. "Eventuele knelpunten op het gebied van grondgebonden geluid kunnen worden opgelost met een hogere waardebesluit, waarmee plaatselijk meer geluid is toegestaan", skriuwt Van der Maat. "Wij vertrouwen erop dat er dus geen onoplosbare beperkingen zijn voor het functioneren van de vliegbasis en hebben derhalve geen bezwaar tegen de ROL op deze locatie."

Fernuvering

De Ljouwerter partij LIJST058 liket fernuvere te wêzen oer de feroaring fan stânpunt fan Definsje, sa is te sjen op Twitter. "Vorige week was defensie nog tegen een azc nabij het militaire vliegveld. Een week later kan het gewoon. We passen alleen even de geluidswaardes aan. Het kan in #Nederland. #Leeuwarden #Troelstraweg."