Aldfryske hânskriften Tresoar krije UNESCO Memory of the World-status

Hânskriften út de Richthofenkolleksje © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De Richthofenkolleksje fan Tresoar hat de status UNESCO Memory of the World krigen. De kolleksje omfettet in oantal bysûndere Aldfryske wetsteksten út de midsiuwen.
De provinsje en Tresoar hawwe de kolleksje 13 oktober yn Den Haag oanbean foar it UNESCO-programma. It Memory of the World-programma is in ynternasjonaal inisjatyf om weardefolle argiven, kolleksjes en wurken te bewarjen, tagonklik te meitsjen en der omtinken foar te krijen. Lannen kinne om de twa jier nominaasjes oandrage.
Under oaren it deiboek fan Anne Frank en it neilittenskip fan Aletta Jacobs binne ek opnommen yn it Memory of the World-programma.

Richthofenkolleksje

Der binne ferskate kolleksjes fan Aldfryske teksten, mar de Richthofenkolleksje wurdt sjoen as ien fan de topstikken. It bestiet út tsien hânskriften mei midsiuwsk Frysk rjocht, út de perioade fan 1350 oant 1600. Seis fan dy hânskriften binne skreaun yn it Aldfrysk, de midsiuwske foarrinner fan it hjoeddeistige Frysk.
"Dit is de wichtichste kolleksje fan midsiuwsk Frysk op de wrâld", sei ûndersiker Anne Popkema earder al. Popkema heart by de ûndersyksgroep Pastei, dy't de Richthofenkolleksje en oare Aldfryske boarnen ûndersiket.
Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar © Gerhard Taatgen
Direkteur Arjen Dijkstra is tige wiis mei de ynternasjonale erkenning fan de wearde fan de kolleksje. Dijkstra is sûnt in moanne direkteur fan Tresoar. "Dit is prachtich. Ek foar my, fuortendaliks sa'n hichtepunt."
De takenning fan de UNESCO-status hat neffens Dijkstra ta gefolch dat noch better op de hânskriften past wurde moat. "Dat dogge we fansels al hûndert jier. No ha we ek erkenning, it stiet op de nasjonale list en krijt hjirmei ynternasjonale erkenning."
En sa'n status hat in bepaald beskermjend effekt, seit Dijkstra. "Wy binne der no sunich op, mar oer fyftich jier kinne minsken der oars tsjinoan sjen."

Aldfrysk rjocht

It Aldfrysk is de taal dy't yn de midsiuwen yn Fryslân, Grinslân, Noard-Hollân en it noardwestlik kustgebiet fan Dútslân praat en skreaun waard. Yn dat hiele kustgebiet jilde ek it Aldfrysk rjocht. Yn tsjinstelling ta in soad oare gebieten yn Europa, dy't harren rjocht mear op it Romeinske rjocht basearren, wie dit Aldfryske rjocht mear rjochte op de mienskip.
Aldfryske hânskriften Tresoar krije UNESCO Memory of the World-status
"Wy kinne lêze hoe't minsken yn dy tiid libben, de rjochtspraak gong faak oer konflikten, lyts of grut", fertelt Dijkstra. "En dat skeelrjocht sit foar in part ek noch yn ús hjoeddeistige rjochtssysteem."
Mei de UNESCO-status is it ferhaal net út. De Richthofenkolleksje is yntusken folslein digitalisearre en kin troch elkenien brûkt wurde, ek foar ûndersyk. Dijkstra hopet dat de status helpe kin om hiel Nederlân mei dizze Aldfryske hânskriften de kunde komme te litten.