Resinsje Slappe Douwe troch Ritsko van Vliet: "Pine is lekker"

Henk te Biesebeek beskôget Slappe Douwe troch Ritsko van Vliet © Omrop Fryslân
Ritsko van Vliet is in baas. Foar syn nijste teäterfoarstelling leit er him del op in spikerbêd en rint op bleate fuotten oer in trep fan skerpe degens. Ritsko spilet, nee, is de 'Friesche Fakir' Douwe Andries Bijlsma yn optima forma. "Pine is lekker!"
Foar benammen de wat âldere generaasje 'Liwwadders' is syn namme noch hieltyd ferneamd: Douwe Andries Bylsma, de Friesche Fakir. Yn de folksmûle better bekend as Slappe Douwe.
De boeiekening en slange-akrobaat, dy't oer hiel Fryslân syn keunsten fertoande, mar dy't de kost fertsjinne as 'túntsjeplysje'. Yn dy funksje moast er derop tasjen dat de opslûpen jongeren net op it gers yn de Ljouwerter Prinsetún kamen of dêr fernielings oanrjochten.
Slange-akrobaat Douwe Bijlsma fertsjinne de kost as 'túntsjeplysje' © Ad Fahner
It moat sein: mei syn swieroansette swarte wynbrauwen is de haadrol Van Vliet op it liif skreaun. Fansels, it showelemint, it fertoanen fan keunstkes op in poadium, is him as profesjoneel âld-gûchelder net ûnbekend. Ritsko spilet oertsjûgend en lit syn haadpersoan foar de taskôgers wier ta libben komme. Moai!

Ekstra diminsje

Van Vliet hat sjoernalist Sietse de Vries frege om it libbensferhaal fan Douwe Bijlsma op papier te setten. De Vries bringt dat ferhaal as alwittende ferteller sels foar it fuotljocht en praat sa de ferskate libbensfazen fan Douwe Bijlsma oan mekoar. Dêrby stipe troch audio-fragminten fan de froulju dy't in wichtige rol spile ha yn it libben fan de strjitartyst: syn mem, de skoaljuf, syn frou en dochter.
Moai hoe't dan it dekôr foar in ekstra diminsje soarget: oan in line mei waskguod, wurde op it grutste lekken foto's ôfbylde dy't de ferhalen fan de froulju treflik yllustrearje. En de taskôgers meinimme yn de tiid.
Ritsko van Vliet mei bleate fuotten oer de trep fan sabels © Ad Fahner
En dochs sit dêr ek it swakke punt yn de foarstelling. Want hoewol't de teksten fan De Vries de ferskate sênes fan Ritsko krekt ferbine moatte, wurkje de foardroegen teksten, soms oplêzen fan kaartsjes, gauris foar fertraging. Bytiden sels in steurend opûnthâld yn it oars sa oansteklik aktearjen fan Ritsko.

Allinnich

It ferlate my ta de gedachte hoe't it west hawwe soe as Ritsko dat libbensferhaal fan Douwe Bijlsma gewoan sels ferteld hie. En Sietse de Vries syn aksjes beheind hie ta de oanfoljende byrollen, dy't hy no ek foar rekken nimt. Krekt as Erik Baas en Theo van der Geest, dy't as 'oandragers' hiel nuttich wurk ferrjochtsje op it poadium.
It hie mooglik west! Ritsko liet bytiden ommers sjen dat hy, bygelyks yn it petear mei syn 'mem', ek allinnich op it poadium in hiel toanielbyld maklik folje kin.
Sietse de Vries skreau en fertelt it libbensferhaal fan Slappe Douwe © Ad Fahner
Moai ek hoe't hy as 'de âldste akrobaat fan Nederlân'- Douwe Bijlsma is yntusken 65 jier - de taskôgers meinimt yn de dreamen fan de ienfâldige strjitartyst. Hoe't Douwe Bijlsma as Kapitein Nero, de Friesche Fakir, as 'de grootste doodsverachter van het noorden' oer de hiele wrâld ferneamd wurde moatten hie. Dreamen dy't nea wierheid wurden binne. Bijlsma stoar oan in longûntstekking, dy't hy oprûn doe't er yn in wetterbakje oefene foar in Houdini-act.

Bromtoan

Dan is it spitich dat we as publyk troch de opstelling fan de stuollen net alles meikrije wat op it poadium bart. Want de acts dy't Ritsko bygelyks as boeiekening útfiert, lige der net om. En de guillotine-act is sa fermaaklik, dat it begrutlik is dat it publyk hjirfan net alles meikrije kin.
Steurend wie ek dat it lûd net altyd optimaal wie. Boppedat wiene midden tusken it publyk twa grutte speakers opsteld, dy't bytiden lykwols in aaklike bromtoan hearre lieten.
Grut fermaak by de guillotine-act © Ad Fahner
Dat koe lykwols de wille fan it publyk net bedjerre. Slappe Douwe is al mei al in hearlike foarstelling wurden, dy't in moai byld jout fan in ferneamde Ljouwerter. In artyst dy't foar guon sels op like hichte stiet as grutte nammen as M.C Escher en Mata Hari. Mar foar in profesjonele teäterfoarstelling yn dizze foarm krekt wat te licht.